Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In meartalichheidskoördinator is in funksjonaris dy't him yn in gemeente dwaande hâldt mei de ûnderskate talen en dialekten dy't dêr sprutsen wurde en yn 't bysûnder mei de befoardering fan minderheidstalen. It kin in amtner wêze, dy't yn 'e tsjinst is by dy gemeente, mar it kin ek in selsstannige sûnder personiel wêze, dy't in kontrakt mei de gemeente ôfsletten hat.
In meartalichheidskoördinator koördinearret yn syn gemeente de wikselwurking tusken talen en dialekten en docht war om it gebrûk fan minderheidstalen yn 'e gemeentlike organisaasje te befoarderjen, benammen nei de boarger ta. Hy moat derfoar soargje dat boargers har frij fiele om har memmetaal of de taalfoarm dy't harren foarkar hat, te brûken yn 'e kommunikaasje mei de gemeente. Dêrby sjocht er derop ta dat de gemeente datoangeande it goede foarbyld jout, troch de (lânseigen) minderheidstalen dy't yn 'e gemeente sprutsen wurde, ek aktyf te brûken yn 'e kommunikaasje nei de boarger ta. Om dat te berikken, kin in meartalichheidskoördinator bygelyks kursussen organisearje foar de gemeentlike amtners. Hy bringt ek de sprekkers fan ferskillende minderheidstalen mei-inoar yn kontakt en wiist ferienings en oare organisaasjes dy't foar de belangen fan 'e minderheidstalen opkomme, de wei nei dreech te finen subsydzjepotsjes.
De meartalichheidskoördinator liket anno 2024 in typysk Frysk ferskynsel te wêzen. De earste funksjonaris dy't sa oantsjut waard, wie yn 'e tsjinst by de Gemeente It Bilt, dy't yn 2018 opheft waard. Yn 2021 stelde De Waadhoeke in meartalichheidskoördinator oan om 'e belangen te boargjen fan 'e fjouwer talen yn 'e gemeente (Frysk, Biltsk, Frjentsjertersk en Nederlânsk). De earste meartalichheidskoördinator fan De Waadhoeke wie kranteman en romanskriuwer Gerard de Jong, dy't earder haadredakteur fan 'e Bildtse Post wie. Dyselde waard letter ek foar fjouwer oeren yn 'e wike as meartalichheidskoördinator oansteld yn 'e Gemeente Harns. Yn maart 2024 makke minister fan Binnenlânske Saken Hugo de Jonge in bedrach fan €1,7 miljoen frij om yn eltse Fryske gemeente in meartalichheidskoördinator oan te stellen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.