From Wikipedia, the free encyclopedia
De martereftigen of murden (wittenskiplike namme: Mustelidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), dêr't û.o. de harmeling, wezeling, murd, fret, otter, stienmurd, beamotter en das ta hearre. It lytste lid fan 'e famylje is de wezeling, dy't mar 35 g weaget, wylst it swierste de Súdamerikaanske reuze-otter is, mei in gewicht fan 32 kg. Foarhinne waarden ek de stjonkdieren ta de martereftigen rekkene, mar dy binne koartby yn in eigen famylje, de stjonkdieren (Mephitidae) pleatst.
Martereftigen | ||
In pear rivierotters. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
boppefamylje: | marterdieren (Musteloidea) | |
famylje: | martereftigen (Mustelidae) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
Martereftigen binne grutdiels nachtdieren en komme op alle wrâlddielen útsein Antarktika foar (al binne se yn Oseaanje troch de minske yntrodusearre). Se libje yn seeën, woastinen, berchtmes en toendra's. De measte soarten kinne mei harren anaalklieren in sterke muskesrook produsearje en beskikke oer in skoandere pels dy't der de reden fan is dat se ek wol yn finzenskip troch de minske fokt wurde (al wurdt de fret gewoan as selskipsdier holden).
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.