From Wikipedia, the free encyclopedia
Mad Max is in Australyske mediafranchise besteande út post-apokalyptyske science fiction-aksjefilms en dêrfan ôflate media. De franchise waard betocht troch George Miller en Byron Kennedy en begûn yn 1979 mei de film Mad Max, dy't de trochbraak foarme fan akteur Mel Gibson. Anno 2024 binne der yn 'e filmsearje fiif dielen útkommen, wylst der noch teminsten ien op steapel stiet. Dêrnjonken binne der in stripsearje en twa fideospultsjes yn it ramt fan 'e franchise ferskynd.
Mad Max | ||
betinker | George Miller Byron Kennedy | |
eigner | Warner Bros. MGM (allinne de 1e film) | |
lân | Austraalje | |
begjinjier | 1979 | |
films | ||
langspylfilms | ● Mad Max ● Mad Max 2 ● Mad Max Beyond Thunderdome ● Mad Max: Fury Road ● Furiosa: A Mad Max Saga | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ● Mad Max (1990) ● Mad Max (2015) | |
literatuer | ||
strips | Mad Max: Fury Road | |
muzyk | ||
soundtracks | ● Mad Max ● Mad Max 2 ● Mad Max Beyond Thunderdome ● Mad Max: Fury Road |
Yn Mad Max komt it publyk yn 'e kunde mei Max Rockatansky (Mel Gibson), in plysjeman yn in takomstich Austraalje dat teheistere wurdt troch in maatskiplike ynstoarting. Dy ramp wurdt feroarsake troch oarloch en kritike tekoarten oan ûnmisbere natuerlike helpboarnen lykas ierdoalje. As syn frou en bern fermoarde wurde troch de wrede leden fan in motorbinde, jout Max it oer om noch oan 'e lêste restanten fan beskaving fêst te hâlden en wurdt er 'Mad Max' ("Mâle Max"), dy't as figilante efter de moardners oan giet om wraak te nimmen.
Max Max waard regissearre troch George Miller nei in senario fan himsels en Byron Kennedy. Dy lêste wie ek de produsint fan 'e film. Mad Max gie op 12 april 1979 yn premiêre, en brocht $100 miljoen op tsjin in budget fan $520.000 oant 595.000. Dêrmei kaam de film yn it Guinness Book of World Records mei it wrâldrekôr foar de geunstichste ferhâlding fan opbringst tsjin kosten fan alle produksjes út 'e filmskiednis. De film wurdt no rûnom as in cultklassiker sjoen.
Yn Mad Max 2, ek bekend as The Road Warrior of Mad Max 2: The Road Warrior, is Austraalje fierder weisakke yn barbarij. Mad Max (Mel Gibson) is in omdoarmjende Einzelgänger wurden, dy't op in delsetting stjit dy't in restant fan 'e beskaving is. It plak wurdt belegere troch in nomadyske binde fan plonderders, moardners en ferkrêfters, dy't it foarsjoen hawwe op 'e oarljefoarrie en de lytse oaljeraffinaderij fan 'e bewenners. Troch omstannichheden dêrta twongen, jout Max him by de bewenners as dy mei harren foarrie oalje by har besykje om troch de besingeling hinne te brekken en feilichheid te berikken.
Mad Max 2 waard op 'e nij regissearre troch George Miller, nei in senario fan himsels, Terry Hayes en Brian Hannant, wylst Byron Kennedy fannijs de produsint wie. De film gie op 24 desimber 1981 yn premiêre, en brocht (yn Austraalje en Noard-Amearika) $39,8 miljoen op tsjin in budget fan $6,7 miljoen. Mad Max 2 wûn de Saturn Award foar bêste ynternasjonale film en waard ek nominearre foar in Hugo Award. De film wurdt no troch filmkritisy rûnom beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms ea makke.
Yn Mad Max Beyond Thunderdome doarmet Max (Mel Gibson) noch altyd troch de Australyske wyldernis om as er fan al syn besittings berôve wurdt. Geandefoets berikt er de delsetting Bartertown, dêr't de korrupte pleatslike hearskeresse, 'Aunty Entity' (Tina Turner) him foar har eigen foardiel ynset as gladiator yn har arena Thunderdome. As Max beswier makket, wurdt er de woastyn yn ferballe, dêr't er in isolearre frachtkultus fan bern ûntdekt dy't om in delstoarte Boeing 747 hinne ûntstien is. De bern miene mar dat Max de piloat is dy't weromkommen is om it fleantúch te reparearjen en harren nei de beskaving te bringen. Dat twingt Max tsjin betterwitten yn om him op 'e nij mei de saken fan oaren te bemuoien. Hy nammentlik dat der oan it fleantúch neat te reparearjen falt en dat Bartertown de iennichste foarm fan beskaving yn fiere omtrek is.
Mad Max Beyond Thunderdome waard regissearre troch George Miller en George Ogilvie nei in senario fan Miller en Terry Hayes. Miller wie ek de produsint. De film gie op 10 july 1985 yn premiêre, en brocht (yn Austraalje en Noard-Amearika) $40,5 miljoen op tsjin in budget fan $10 miljoen. Mad Max Beyond Thunderdome wie de lêste Mad Max-film wêryn't Mel Gibson de titelrol spile.
Mad Max: Fury Road waard tritich jier nei de foargeande Mad Max-film makke, en moast in reboot fan 'e franchise wêze, hoewol't it mear wei hie fan in remake fan Mad Max 2. Yn 'e film doarmet Mad Max (Tom Hardy) noch altyd (of wer) troch in treastleaze woastenije, oant er op 'e folgelingen fan Immortan Joe (Hugh Keays-Byrne) stjit. Dat is de tirannike lieder fan in grizelige sekte, dy't froulju as 'fokmerjes' finzen hâldt yn in steat fan seksuele slavernij. Max jout him by Imperator Furiosa (Charlize Theron), dy't mei in tankwein fol branje en Joe syn fiif jonge wiven oan 'e klauwen fan 'e sektelieder besiket te ûntkommen.
Mad Max: Fury Road waard regissearre troch George Miller nei in senario fan himsels, Brendan McCarthy en Nico Lathouris. De film waard produsearre troch Miller, Doug Mitchell en P.J. Voeten. Mad Max: Fury Road gie op 7 maaie 2015 yn premiêre, en brocht $375,2 miljoen op tsjin in budget fan $150 oant 185 miljoen. Mad Max: Fury Road wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms aller tiden en waard nominearre foar 10 Oscars, dêr't er 6 fan wûn.
Furiosa: A Mad Max Saga is in prequel fan Mad Max: Fury Road. De film fertelt it libbensferhaal fan Furiosa (Alyla Browne jong; Anya Taylor-Joy âlder), dy't as jong famke ûntfierd wurdt troch de trewanten fan kriichshear Dementus (Chris Hemsworth). Hja wrakselet om te oerlibjen as in slavinne en wit harsels omheech te klauwen ta in fertroude ûnderbefelhawwer fan 'e sljochtsinnige sektelieder Immortan Joe (Lachy Hulme). Altiten bliuwt har posysje wif en prekêr, mar se jout nea op om't se in fêst doel foar eagen hat: wraak nimme op Dementus, de moardner fan har mem Mary (Charlee Fraser).
De produksje fan Furiosa: A Mad Max Saga waard fertrage troch oanhâldende rûzje oer jild tusken George Miller en filmstudio Warner Bros. Yn maart 2020 waard de film dan einlings oankundige. Furiosa: A Mad Max Saga waard regissearre troch George Miller nei in senario fan himsels en Nico Lathouris. De film waard produsearre troch Miller en Doug Mitchell. Furiosa: A Mad Max Saga gie op 23 maaie 2024 yn premiêre.
By it skriuwen fan it senario foar Mad Max: Fury Road ûntdieken regisseur en filmprodusint George Miller en senarioskriuwer Brendan McCarthy dat se genôch ferhaalmateriaal hiene foar trije films. De earste dêrfan wie Furiosa: A Mad Max Saga. De twadde, dy't ek yn preproduksje is, sil nei alle gedachten Mad Max: The Wasteland komme te hjitten. Dêrfoar is anno 2024 noch gjin premiêredatum bekend.
Fan alle Mad Max-films binne soundtrackalbums útbrocht:
Fideospultsjes dy't op basis fan 'e Mad Max-franchise ferskynden, binne:
Mad Max: Fury Road is behalven in film ek in fjouwerdielige stripsearje fan George Miller, Nico Lathouris en Mark Sexton, dy't as prequel tsjinne foar de film út 2015 mei deselde namme. De albums út 'e searje konsintrearje har op ferskate personaazjes út 'e film. It diel oer Imperator Furiosa kaam frijwat krityk op om't guon it oerstallich en min útfierd fûnen. De dielen oer Nux, Immortan Joe en Max Rockatansky sels waarden positiver ûnthelle.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.