Maarsbergen
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maarsbergen is in doarp yn de gemeente Utertske Heuvelrêch yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp leit oan de rykswei A12 en oan it spoar fan Utert nei Arnhim. Maarsbergen leit op de oergong fan de Utertske Heuvelrêch, sûnt 2003 in nasjonaal park, nei de Gelderske Fallei.
Maarsbergen | ||
Histoaryske herberch mei hynstewikselplak | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utertske Heuvelrêch | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.286 (2021) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 3953 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 3' 27" NB, 5° 24' 19" EL |
De namme Maarsbergen komt fan Meersebarch of Meersbargen, itjinge "sompe by de berch" betsjut.
Maarsbergen wie eartiids foar in grut part eigendom fan it riddergoed Berne by Heusden. Ridder Fulco krige it guod yn Maarsbergen yn besit nei't er boaske mei de docter fan de hear fan Heusden. Yn 1134 skonk de ridder syn besit oan de tsjerke. Muontsen fand e abdij fan Berne diene fan dêrwei it agrarysk wurk yn de omkriten.
Nei de reformaasje waard it kleasterbesit yn 1656 troch de Steaten fan Hollân oan de Amsterdamske sakeman Samuel de Marez ferkocht. Dy liet fan de ferinnewearre proasdy it Kastiel Maarsbergen bouwe, dat syn famylje oant 1764 yn besit hie. Yn 1804 waard it kastiel kocht troch de hear Du Bois, dy syn dochter it yn 1882 oan de famylje Godin de Beaufort ferkocht hie. Dy famylje hat it kastiel hjoed-de-dei noch hieltyd yn besit.
It oanlizzen fan de spoarline Utert - Arnhim yn 1844 soarge dêrfoar dat Maarsbergen net mear isolearre wie, benammen dat dêr ek in stasjon boud waard. Troch dat stasjon en it bouwen fan in skoalle yn 1864 en de tsjerke ûntstie der winliken in nij doarp op it hjoeddeistich plak. De âlde "Meerberchske buert" lei oarspronklik by it Kastiel Maarsbergen. De Herfoarme Tsjerke fan Maarsbergen waard yn 1884 yn gebrûk nommen. De bou dêrfan waard mooglik makke troch de hear A. du Bois, de eigener fan it kastiel, dy't by syn ferstjerren likernôch 30.000 gûne neiliet foar de bou.
Oant 1 jannewaris 2006 hearde Maarsbergen by de gemeente Maarn. De buorskip Valkenheide heart ta Maarsbergen.
De lokale omrop Dorp en streek tv, is rjochtet op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Skerpenseel, Woudenberg, Rhenen en Elst. Fierders is der in lokale radiostjoerder, Midland FM. Dy stjoerder makket ek radio foar Renswoude en Skerpenseel.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.