Mülheim an der Ruhr

From Wikipedia, the free encyclopedia

Mülheim an der Ruhr

Mülheim an der Ruhr is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat 173.255 ynwenners (2023).

Fluch de feiten
Mülheim an der Ruhr
Thumb
Emblemen
Thumb               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Stedsyndieling9 Stadtteile in 3 Stadtbezirken
Sifers
Ynwennertal173.255 (31 desimber 2023)
Oerflak91,28 km²
Hichte40 m
Oar
Postkoade45468–45481
Offisjele webside
www.muelheim-ruhr.de
Kaart
Thumb
Slute

Skiednis

Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch fûn dêr de Slach by Mülheim (1605) plak tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ûnder prins Maurits fan Oranje en Spaanske troepen ûnder fjildhear Ambrogio Spinola. Dat slach wie part fan Spinola's fjildtocht fan 1605-1606

Histoarysk heart Mülheim tegearre mei Kettwig en Werden ta de noardlikste dielen fan it Bergisches Land. Yn it jier 1808 krige de stêd stedsrjochten. In iuw letter hie de stêd mear as 100.000 ynwenners en waard de stêd in Dútske Großstadt.

Yn 'e rin fan 1943 en 1944 waard de stêd ferskillende kearen it doel fan loftoanfallen. De swierste oanfal fûn yn 'e nacht fan 22 op 23 juny 1943 plak. Yn trije opinoar folgjende weagen fleagen 242 Lancaster-, 155 Halifax-, 93 Stirling-, 55 Wellington- en 12 Mosquito- bommemiters, dus 557 fleantugen, oer de stêd. De haaddoelen wiene de binnenstêd, de spoarferbinings, de yndustry en de haven. By dy oanfal foelen 530 deaden ûnder de befolking en 64 % fan Mülheim waard ferneatig of skansearre. Sa'n 40.000 ynwenners moasten evakuëarre wurde.

Yn Mülheim waard 1946 de earste Aldi-winkel ipene troch Theo en Karl Albrecht.

Berne yn Mülheim

  • Else Mauhs (1885-1959), Dútsk-Nederlânsk aktrise
  • Hermann Schröer (1920), komponist, muzykpedagooch, dirigint, pianist en muzykútjouwer

Foto's

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mülheim an der Ruhr fan Wikimedia Commons.
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.