Loretta Schrijver
From Wikipedia, the free encyclopedia
Loretta Schrijver (New York Feriene Steaten, 16 maaie 1956 - 27 maart 2025) wie in Nederlânsk nijslêzer en presintatrise.
Loretta Schrijver | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
![]() | ||
Loretta Schrijver (1989) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Loretta Maxine Schrijver | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 maaie 1956 | |
berteplak | New York | |
stoarn | 27 maart 2025 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Nijslêzer, Presintatrise | |
medium | Televyzje | |
bekend fan | RTL Nijs, Koffietijd, The Masked Singer | |
jierren aktyf | 1989-2025 |
Libben en wurk
Schrijver waard berne yn Queens, New York; har heit wie tekstylûndernimmer en it gesin ferhuze hinne en wer tusken Nederlân en de FS, ôfhinklik fan de hannel en wannel fan har heit syn bedriuwen. In pear moanne nei har berte ferhuzen se nei Amsterdam en in pear jier letter nei Los Angeles. Se kearde foar altyd werom nei Nederlân doe't se acht wie en wenne yn De Haach, Venlo en Zandvoord oant se har fêstige yn Amsterdam, dêr't se har middelbere skoalle (gymnasium) ôfmakke. Nei har ôfstudearjen gie se nei Parys, dêr't se har Frânsk ferbettere oan'e Alliance française.
Schrijver woe eins aktrise wurde, mar waard twa kear ôfwiisd foar de toanielakademy en studearre dêrnei foar oersetster yn Amsterdam. Se hie in pear lytse rollen yn toanielstikken en sloech in gruttere rol ôf nei't se besleat om skiednis te studearjen. Har niget oan't nijs krige hja yn in simmerbaantsje as resepsjoniste, dêr't se alle dagen de krante lies, en se sollisitearre nei in baan by de NOS, dy't mei it Teletekst-programma útein se wie; se waard oannommen om ûndertitels te meitsjen foar tf-programma's. In pear jier letter waard se oannommen by Radio Nederland Wereldomroep as nijslêzeres, en dêr moete se Jeroen Pauw, mei wa't se ek in relaasje krige. Doe't se freelancer waard, naam se ferskate banen oan, as regisseur foar tf-programma's en as presintatrise foar Veronica Nieuwsradio. Veronica wie sa ûnder de yndruk fan har dat se har oannamen as opfolger fan Jaap van Meekren, dy't it nijsprogramma Nieuwslijn op telefyzje presintearre. Veronica waard kommersjeel en gie op yn RTL Véronique (it lettere RTL 4), en Schrijver krige de baan as 'nijsanker' oanbean.
Yn dy funksje sleat se har oan by har eardere partner Jeroen Pauw en tegearre presintearren se jierrenlang it nijsprogramma, RTL Nieuws, om 19.30 oere. Twa presintatoaren, in praktyk dy't oernommen wie út Amearika, wie nij foar de Nederlânske telefyzje, mar it wurke goed. Yn 2000 ferruile se RTL 4 foar de AVRO en wie se ko-host fan it telefyzjeprogramma Alle dieren tellen mee. Nei dêr in jier wurke te hawwen, besleat se dat de publike omrop net by har paste en giee se werom nei RTL Nieuws.
Yn 2005 waard se yn in enkête útroppen ta populêrste nijslêzer fan Nederlân.
Sûnt 2019 wie Schrijver sjuerylid yn de Nederlânske ferzje fan ' 'The Masked Singer' '.
Schrijver krige yn 2019 de diagnoaze termkanker. Se waard yn 2021 operearre, mar it kaam yn oktober 2023 werom en wie útsiedde. Se ferstoar yn it sikehûs oan kanker op 27 maart 2025, yn'e âldens fan 68 jier.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.