From Wikipedia, the free encyclopedia
In leperkaan[1] (fan it Ierske leipreachán fia it Ingelske leprechaun en it Nederlânske leperkaan) is in soarte fan mytysk wêzen út 'e folkloare fan Ierlân. It is in ierdgeast dy't yn 'e regel foarsteld wurdt as in lyts burdich mantsje, klaaid yn in griene knibbelbroek en in grien jaske, in wyt oerhimd en wite knibbelhoazzen, swarte gaspskuon, in swarte mulrym mei in grutte gasp en in griene nei boppen ta taps tarinnende hege hoed mei in swarte hoedbân dy't oan 'e foarkant ek in gasp hat.
Leperkanen steane derom bekend dat se kattekwea en oare streken úthelje. It binne solitêre wêzens dy't neffens de Ierske folksferhalen in grut part fan 'e tiid trochbringe mei it reparearjen fan skuon. Hja soene boppedat in pot fol goud ferburgen hawwe oan 'e ein fan in reinbôge. As in leperkaan fongen wurdt troch in minske kin er trije winsken ferfolje yn ruil foar syn frijlitting. Dêrby moat men der lykwols om tinke dat de leperkaan mei alderhanne snoade slimmichheidsjes besykje sil om oan it ferfoljen fan syn oandiel fan 'e ôfspraak te ûntkommen. As men him dan te slim ôf is, sil de leperkaan ornaris yn grutte grime ûntstekke en mei tsjinnichheid en ûnfatsoen dwaan wat er ûnthjitten hat.
Krekt as dat by oare Ierske ierdgeasten it gefal is, soe it skoan kinne dat leperkanen ôflaat binne fan 'e Tuatha Dé Danann, in goaderas út 'e Ierske mytology. Dy teory wurdt ûnderstipe troch it feit dat leperkanen yn 'e Ierske myten frijwol net foarkomme, en har pas yn 'e kristlike perioade ûntjoegen ta promininte personaazjes yn 'e Ierske folkloare. In soad hjoeddeistige foarstellings fan leperkanen binne grutdiels basearre op delbûgende njoggentjinde-iuwske karikatueren fan 'e Ieren as etnyske groep.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.