From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei kursyf, ek wol skeane letter wurde de printletters oantsjut dy’t wat nei rjochts oerhingje en dêr’t de foarm bytiden op it hânskreane skrift liket. De rjochtopsteande letter wurdt ‘’romein’’ neamd.
De kursive letterfoarmen binne basearre op it yn íén haal skriuwen fan in letter mei in pinne (de romein dêrfoaroer hat syn foarmen meast te tankjen oan it skriuwen yn ferskate streken mei in brede of spitse pinne). Dêrom hat de kursyf ek gjin skreven, inkeld oan- en ôfsetten.
As útfiner fan de kursyf jildt de humanist Niccolò Niccoli (1364–1437), dy’t him om 1423 hinne betocht..[1] De Fenesjaanske printer Aldus Manutius (1449–1515) wie de earste dy’t yn 1499 foar in rige wittenskiplike edysjes op lyts formaat in printletter snije liet troch Francesco Griffo neffens foarbyld fan de cancelleresca fan Niccoli. Yn 1500 ferwurke Manutius yn in yllustraasje op it titelblêd fan ‘’SAINT’’, 1347-1380’’ de earste printe kursiven. [2] In edysje fan Vergilius' wurk waard yn 1501 it earste printe wurk fan de wrâld mei kursyfletters yn de tekst.[1][3] De corsiva (Latynsk: humanistica cursiva[4]) sparre mear romte út as deromein en de Gotyske letters (‘’brutsen skriften’’) dy’t oant doe ta foarhannen wiene.[1] Dit alternative lettertype fersprate him letter oer oare Europeeske lannen, dêr’t it bekend waard as it ‘’Italjaanske skrift’’, yn it Ingelsk hjit kursyf ek noch altyd ‘’Italic’’,[1] In ûnderwilens seldsume Nederlânske namme is ‘’italiek’’. Njonken Manutius’ ferzje ûntstiene tusken 1501 en 1520 noch achttjin oare kursiven yn Itaalje, wylst de nije kursive printletter him oer Jeropa fersprate:Lyon (1502), Parys (1507, besykjen), Dútslân (1510, besykjen), Parys (1517, slagge), Bazel (1519), de Nederlannen (1522) en Denemarken (1533). It wie de [[Aalst ( East-Flaanderen)|Aalsterske]] printer Dirk Martens (1446–1534) dy’t de kursyf yn 1522 nei de Nederlannen helle.[4]
Yn it tiidrek 1525-1535 wie de kursyf it populêst yn Jeropa en foarme doe in baas konkurrint foar likegoed de âlderwetske gotyk as de nije romein, dy’t sels tydlik weromfoel en in hiel koart hoartsje (sawat 1529) krekt wat minder printe waard as de kursyf, mar dêrnei de oerhân wer krige.[4] Earst nei 1540 ferskynden ek kursive haadletters.[1]
Yn de 17e ieu ferlear de kursyf syn status as ûnôfhinklike tekstletter en waard it kursieve alfabet as helpalfabet by it romeinske (rjochtopsteande) alfabet brûkt foar preliminaria, sitaten en referinsjes[4] of om te beklamjen of om bûtenlânske wurden oan te tsjutten.(boarne?)
Kursive tekst wurdt gauris brûkt om de klam te lizzen, of om in frjemde útdrukking oan te tsjutten yn in tekst. Dêrnjonken wurdt it yn wittenskiplike teksten brûkt om fariabelen en grutheden oan te tsjutten (yn tsjinstelling ta ienheden, dy’t rjochtop set wurde). Ek wurde (yn akademyske wurken) titels fan publikaasjes lykas boeken, tydskriften en rapporten kursyf werjûn, ynklusyf eventuele ûndertitels; artikeltitels wurde lykwols tusken oanhellingstekens skreaun..[5][6][7] Titels wurde meast systematysk kursivearre, mei’t it op dy wize foar de lêzer yn alle gefallen helder is wêr’t de titel begjint en wêr’t dy ophâldt. As der om technyske redenen gjin opmaak mooglik of winsklik is, bygelyks yn e-mailberjochten, wurde oanhellingstekens oanret; as in tekst folslein kursyf stiet, bygelyks yn in kadertekstke, kin men de titel markearje troch se net-kursyf wer te jaan.
It lêstempo fan kursive lettertypen leit meast wat leger,{{(boarne?)|Bin benijd nei ûndersyksresultaten dy’t dit ûnderskriuwe|2014|06|11}} wat it minder gaadlik makket om hiele grutte lapen teksten yn op te meitsjen; dêr kin better in oare foarm fan typografyske aksentuearring, lykas ynspringen, brûkt wurde.
Kursive letters binne gauris ôflaat fan it hânskrift lykas dat op skoallen leard wurdt. Mei’t it ûnderwiis it lân oars is, binne der bytiden lanlike fariaasjes yn kursive printletters. Dêrtroch kin it lêzen noch minder maklik wurde.
Gauris is in kursive letter yn wêzen in oare lettertype, wêryn’t de measte letters dúdlik in oare foarm hawwe. By it mankearjen fan in echte kursive fariant wurde de letters wolris simpelwei skean lutsen wêrby’t de letterfoarm fan de romein dus de basis bliuwt. Dat neamt men oblyk of, yn it Ingelsk, ‘’slanted’’ of, yn it Frysk ‘’falsk kursyf’’.
It sil dúdlik wêze dat as der in kursyf beskikber is, dy de foarkar hat.(boarne?)
Yn it Ingelsk en de measte Romaanske talen (lykas it Frânsk en it Portugeesk, mar net it Katalaansk) wurdt in kursive letter mei de term ‘’italic’’ of in wurd dat dêr op liket oantsjut. Dy talen brûke de term ‘’cursive’’ om in skriuwletter oan te tsjutten. Yn de measte oare Jeropeeske talen, bygelyks it Dútsk, Finsk en Russysk, wurdt ‘’kursiv’’ of en wurd dat dêr op liket brûkt foar in kursive letter.
De bydrage fan in kollumnist wurdt wolris kursyfke neamd, omdat de tekst dêrfan yn kursyf set wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.