From Wikipedia, the free encyclopedia
Kung Fu Panda 2 is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2011 ûnder rezjy fan Jennifer Yuh Nelson. De film, dy't heart ta de sjenres fan wuxia, fantasy en aksjekomeedzje, makket diel út fan 'e Kung Fu Panda-franchise en is as sadanich it ferfolch op Kung Fu Panda, út 2008. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jack Black en Angelina Jolie, mei û.o. Gary Oldman, Michelle Yeoh, Lucy Liu, Jackie Chan, Seth Rogen en Dustin Hoffman yn 'e wichtichste byrollen. It ferhaal spilet op 'e nij yn in ferzje fan it Keizerryk Sina út 'e Aldheid, dy't befolke wurdt troch antropomorfe bisten. De panda Po, dy't no de Drakekriger is, moat mei syn freonen, de Furieuze Fiif, nei de stêd Gongmen reizgje. Dêr hat de boasaardige pau hear Shen de macht grypt, dy't troch de yntroduksje fan buskrûd en kanonnen de wrâld feroverje en kung fu ferneatigje wol. Geandewei it ferhaal ûntdekt Po dingen oer syn eigen fergetten ferline. Kung Fu Panda 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm en wûn twa Annie Awards. In trêde film út deselde rige, Kung Fu Panda 3, kaam yn 2016 út.
Kung Fu Panda 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jennifer Yuh Nelson | |
produsint | Melissa Cobb | |
senario | Jonathan Aibel Glenn Berger | |
muzyk | Hans Zimmer John Powell | |
filmstudio | DreamWorks Animation | |
distribúsje | Paramount Pictures DreamWorks Animation | |
spilers | ||
haadrollen | Jack Black Angelina Jolie | |
voice-over | Michelle Yeoh | |
byrollen | Gary Oldman Michelle Yeoh James Hong Lucy Liu Seth Rogen Jackie Chan David Cross Dustin Hoffman | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 maaie 2011 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | wuxia-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150 miljoen | |
opbringst | $665,7 miljoen | |
prizen | 2 × Annie Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Kung Fu Panda | |
● foarich diel | Kung Fu Panda | |
● folgjend diel | Kung Fu Panda 3 |
Yn in ferzje fan it Keizerryk Sina út 'e Aldheid dy't befolke wurdt troch antropomorfe bisten soargje de pauwen dy't oer de stêd Gongmen hearksje foar wolfeart yn harren gerjochtichheid troch de útfining fan fjoerwurk. Dat is nammentlik in tige goed ferkeapjend produkt dat neitiid nei alle oare dielen fan Sina eksportearre wurde kin. Harren soan en erfgenamt, hear Shen, ûntdekt lykwols dat it buskrûd yn it fjoerwurk ek brûkt wurde kin om fjoerwapens mei ôf te sjitten. Hy betinkt dat er mei in leger dat mei sokke wapens tarist is, maklik hiele Sine ûnder syn macht bringe kinne soe.
Mei't syn heit en mem ynsitte oer de ûnnatuerlike obsesje fan Shen, freegje se in wiersizzeresse om syn takomst te lêzen. Hja profetearret dat as Shen trochgiet op it ynsleine paad, hy tsjinkeard wurde sil troch "in kriger fan swart en wyt". Shen kriget lucht fan 'e foarsizzing en ynterpretearret syn takomstige tsjinstanner oan 'e hân fan 'e omskriuwing as in reuzepanda. Yn syn tinken is it dan in logyske folgjende set om mei it leger fan wolven dat er gearbrocht hat, alle reuzepanda's yn Sina út te rûgjen. Syn âldelju binne oant yn it djipst fan harren sielen ûntset as se foar it ferstân krije wat er dien hat, dat se ferbalje Shen út Gongmen. Yn ballingskip bodzje Shen en syn wolven jierrenlang om genôch kanonnen te smeien om in hiel leger mei ta te rissen. As er te min metaal hat, stjoert Shen de wolven derop út om ôfhandige doarpen te plonderjen op 'e siik nei potten en pannen.
Underwilens genietet de reuzepanda Po yn 'e Fredesdelling fan syn nije posysje as de Drakekriger (sjoch: Kung Fu Panda). Mei syn freonen masteresse Tigerinne, masteresse Njirre, master Aap, master Bidsprinkhoanne en master Kraanfûgel, dy't mei-inoar bekendsteane as de Furieuze Fiif, ferdigenet er de delling tsjin alles dat de frede bedriget. Syn mentor, de lytse panda master Shifu, warskôget Po dat er noch gjin ynderlike frede berikt hat, mar dêr maalt Po net om. Wannear't it berjocht komt dat in doarp yn 'e delling oerfallen is troch in binde plonderjende wolven, hastigje Po en de Furieuze Fiif har dêrhinne om mei de oanfallers ôf te weven. Dat slagget skoan, oant Po it symboal sjocht dat de lieder fan 'e wolven op syn wapenris draacht. Hy rekket der skjin ôf en kriget in flashback nei syn pandamem, mei as gefolch dat de wolven mei de bút ûntkomme kinne.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid giet Po nei syn heit, menear Ping, in goes dy't yn it doarp oan 'e basis fan 'e treppen nei it Jadepaleis in noedeliterij hat. As Po him oer syn eigen komôf ûnderstiet, jout Ping lang om let ta dat Po adoptearre is. Hy fertelt dat Po as lyts pandawelpke yn in krat radyskes siet dat op in dei by syn restaurant ôflevere waard. Doe't nimmen wist wêr't er wei kaam of wa't er wie, en doe't de biologyske âlden net opdaagjen kamen om harren pjut op te heljen, besleat Ping op 't lêst om Po sels grut te bringen. Hy kin sadwaande neat fertelle oer Po syn eftergrûn. Foar Po is dat wol in teloarstelling, mar hy set it fan him ôf as master Shifu ûntrêstgjend nijs kriget: hear Shen hat de regint fan Gongmen, de kung fu-master Tongerjende Noashoarn, fermoarde troch in kanon op him ôf te sjitten. Master Shifu stjoert de Drakekriger en de Furieuze Fiif nei Gongmen ta om regaad te meitsjen.
Underweis komt oan it ljocht dat Po troch de flashback oer syn biologyske mem en it nijs dat er adoptearre is fierder as ea ferwidere is fan it berikken fan ynderlike frede. As it seistal arrivearret yn Gongmen, docht bliken dat master Oanstoarmjende Okse en master Krokkedil, de assistinten fan Tongerjende Noashoarn, noch libje en troch Shen finzen set binne. Po en de Furieuze Fiif bejouwe har nei it pleatslike tichthûs, dêr't se út alle macht besykje de beide kung fu-masters te befrijen. Mar om't Shen drige hat syn kanon yn te setten tsjin 'e boargers fan Gongmen, ornearje Okse en Krokkedil dat se it folk it bêste beskermje kinne troch yn it tichthûs te bliuwen. Se wegerje sadwaande om harren befrije te litten. Po-en-dy wurde trappearre troch in wolf, wêrnei't in spektakulêre en ûnwierskynlike efterfolging troch de stêd begjint om foar te kommen dat de wolf alaarm slaan kin. It slagget harren lykwols net om dat tsjin te kearen, en Po en de Furieuze Fiif wurde besingele troch in hiel leger wolven, wêrnei't se har op inisjatyf fan Po oerjouwe.
Wannear't Po-en-dy lykwols by Shen yn syn paleis brocht wurde, docht bliken dat de finzen nommen "master Bidsprinkhoanne" mar in pop is, wylst de echte master Bidsprinkhoanne noch frij omrint. Hy befrijt de oaren, wêrnei't se it kanon fan Shen ferneatigje. As Po lykwols itselde symboal dat er op 'e wapenris fan 'e wolvebaas seach, weromsjocht op 'e fearren fan 'e pauwesturt fan Shen, rekket er langernôch ôflaat dat Shen útnaaie kin. It docht bliken dat er noch folle mear kanonnen meitsje litten hat, dy't er dêrnei allegear ôffjurje lit op syn eigen paleis. Po en de Furieuze Fiif witte lykwols ûnskansearre te ûntkommen.
Ienris yn feilichheid wol Tigerinne antwurden hawwe fan Po oer syn ûnoplettendheid, dat mei tsjinnichheid jout er ta dat him in oantinken út syn iere jonkheid tebinnen kommen is, wêryn't hear Shen oanwêzich wie op 'e lêste dei dat er syn biologyske âlden seach. Tigerinne hat begryp foar syn sitewaasje, mar se is benaud dat syn gebrek oan fokus harren allegear fataal wurde sil, dat se hjit him om efter te bliuwen wylst de Furieuze Fiif mei Shen en syn wolven ôfweve troch harren kanonnefabryk op te blazen. Po is lykwols net ien dy't fan 'e sydline ôf tasjen kin, en boppedat wol er Shen libben yn 'e hannen krije, mei't er fermoedet dat de smjunt wit wat der mei syn biologyske âlden bard is. Dat hy ynfiltrearret it fabryk, wêrmei't er it plan fan syn freonen bedjert en harren finzenname troch de trewanten fan Shen feroarsaket. Hy konfrontearret Shen oer it ferline, mar Shen wol allinne mar kwyt dat Po syn âlden him as welpke haten en him dêrom yn 'e steek litten hawwe, wat oerdúdlik in leagen is. Foar de eagen fan 'e Furieuze Fiif sjit Shen in kanon op Po ôf, mei as gefolch dat syn freonen him dea wane.
Po oerlibbet it lykwols, hoewol't er al ferwûne rekke is. Hy falt yn in rivier en wurdt streamôf spield, der't er fûn en rêden wurdt troch deselde wiersizzeresse dy't jierren lyn foarsein hat dat Shen troch in kriger fan swart en wyt ûnder fuotten helle wurde sil. Dyselde ferpleget him yn 'e ruïnes fan it doarp dêr't er berne is. De wiersizzeresse fertelt Po oer Shen syn genoside op 'e reuzepanda's en fiteret him oan om syn eigen ferline te omearmjen. Troch in meditative oefening te dwaan dy't er earder fan master Shifu ôfsjoen hat, wit Po einlings en te'n lêsten syn ferkrongen oantinkens oan syn iere jonkheid út syn ûnthâld op te ikkerjen. Hy sjocht wer hoe't Shen en syn wolven harren doarp oanfoelen, hoe't syn heit ferset bea om 'e fijân op te hâlden, wylst syn mem de lytse Po oppakte om mei him út te naaien. Doe't de wolven har nei op 'e hakken sieten, ferstoppe syn mem him yn in krat mei radizen, wêrnei't se de efterfolgers by him wei lokke sadat hy oerlibje soe.
As ien dy't it ferline akseptearre hat, keart Po werom nei Gongmen, dêr't Shen op dat stuit risselwearret om 'e Furieuze Fiif terjocht te stellen foarôfgeande oan 'e ôfreis fan syn leger om 'e hiele wrâld te feroverjen. Po befrijt syn freonen, en master Shifu, dy't harren út 'e Fredesdelling efternei kommen is, jout him by harren. Hy hat Oanstoarmjende Okse en Krokkedil bepraat om ek troch te fjochtsjen en mei syn allen ferrinnewearje se de foarste skippen fan 'e float dêr't Shen syn kanonnen mei oer de rivier ferfierd, sadat de tagong fan 'e haven blokkearre rekket. It docht lykwols bliken dat Shen der net foar tebekskrillet om op syn eigen soldaten te sjitten, wêrmei't er it paad wer klearret foar de rest fan syn float. Po, syn freonen en de trije masters lykje ferslein, mar Po klimt allinne op stik wrakhout. As Shen syn kanonnen op him ôffjurje lit, brûkt Po de ynderlike frede dy't er fûn hat troch it akseptearjen fan syn ferline om 'e kanonskûgels út 'e loft te plôkjen en se werom te smiten nei de float fan Shen, dy't ferwoastge wurdt.
Po giet nei Shen ta en biedt him ferjeffenis oan, mar Shen stegeret him ôf en falt Po oan mei in spear. Yn harren gefjocht snijt er by fersin de touwen troch dy't in ferrinnewearre kanon rjochtop hâlde, wêrnei't syn eigen wapen boppe-op him falt en him ferpletteret. De Furieuze Fiif omearmje Po en master Shifu lokwinket him foar it finen fan ynderlike frede. It buskrûd fan Shen syn wapen ûntploft en soarget foar in fjoerwurkshow om 'e oerwinning op Shen te fieren. Po, Shifu en de Fiif keare werom nei de Fredesdelling, dêr't Po weriene wurdt mei syn heit, menear Ping. Oan dyselde fertelt er wat er útfûn hat oer syn ferline, mar hy bewissiget Ping derfan dat dy altyd syn heit bliuwe sil.
Fier fuort, yn in ferburgen delling mank hege bergen dy't befolke wurdt troch reuzepanda's, rjochtet ien fan harren him op nei djip meditearre te hawwen, en ferklearret: "Myn soan libbet noch."
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Po, in reuzepanda | Jack Black | Edwin Evers |
masteresse Tigerinne, in tiger | Angelina Jolie | Yolanthe Cabau van Kasbergen |
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
hear Shen | Gary Oldman | Mark Rietman |
de wiersizzeresse / voice-over | Michelle Yeoh | Liz Snoijink |
menear Ping, in goes | James Hong | Rob van de Meeberg |
masteresse Njirre, in njirre | Lucy Liu | Froukje de Both |
master Bidsprinkhoanne, in bidsprinkhoanne | Seth Rogen | Rogier Komproe |
master Aap, in gouden stompnoasaap | Jackie Chan | Jörgen Raymann |
master Kraanfûgel, in Sineeske kraanfûgel | David Cross | Thom Hoffman |
master Shifu, in lytse panda | Dustin Hoffman | Rik Felderhof |
baas fan 'e wolven | Danny McBride | Huub Dikstaal |
master Oanstoarmjende Okse | Dennis Haysbert | Murth Mossel |
master Krokkedil | Jean-Claude Van Damme | Frans Limburg |
master Tongerjende Noashoarn | Victor Garber | Leo Richardson |
Li Shan | Fred Tatasciore | ? |
skiep op merk | Lauren Tom | ? |
everswyn | Conrad Vernon | ? |
Kung Fu Panda 2 waard regissearre troch Jennifer Yuh Nelson nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. Nelson hie earder as 'haad ferhaal' behelle west yn 'e oarspronklike Kung Fu Panda-film. As produsint wie Melissa Cobb by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer en John Powell.
De oarspronklike titel fan Kung Fu Panda 2 hie Kung Fu Panda: Pandamonium wêze sillen, mei in ûndertitel dy't in wurdboarterij is op 'e term "pandemonium", in synonym foar "gaos". Noch ûnder de preproduksjefaze, yn 2010, waard de titel feroare yn Kung Fu Panda: The Kaboom of Doom ("De Boem fan 'e Doem"). Letter waard dochs mar keazen foar it ienfâldige Kung Fu Panda 2.
De filmcrew fan Kung Fu Panda 2 ferdjippe him fierder yn 'e Sineeske kultuer om dy yn 'e film sa akkuraat mooglik werjaan te kinnen. Sa besochten Jeffrey Katzenberg, de algemien direkteur fan DreamWorks, regisseur Nelson, produksje-ûntwerper Raymond Zibach en oare liedende crewleden yn 2008 de stêd Chengdu, dêr't it Sineeske fokprogramma en opfangsintrum foar reuzepanda's fêstige binne. Behalven dat it omgean mei echte panda's de filmmakkers nije ynsichten joech, bedarren ek in protte arsjitektoanyske en lânskiplike eleminten dy't se yn Chengdu en omkriten seagen, yn 'e film. Ek de Qingcheng, in taoïstyske hillige berch, foarme in boarne fan ynspiraasje foar arsjitektuer en lânskip.
De distribúsje fan Kung Fu Panda 2 waard fersoarge troch Paramount Pictures y.g.m. DreamWorks Animation. De film waard foar it earst yn begjin maaie 2011 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Hy gie op 22 maaie 2011 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 26 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 maaie by platemaatskippij Varèse Sarabande. Kung Fu Panda 2 waard op 13 desimber 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige Kung Fu Panda 2 oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Peter DeBruce de film yn it tydskrift Variety "in weardige ferfolchfilm dy't in ekstra ynstruier kriget fan 'e tafoeging fan dynamyske 3D-gefjochtssênes." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy wurden fan deselde strekking. Roger Ebert joech Kung Fu Panda 2 yn 'e Chicago Sun-Times 31/2 fan 4 stjerren. Neffens him wie it in bettere film as it orizjineel en teffens neamde er it in ambisjeuze útwreiding fan it foarrige ferhaal. Der wie ek in protte lof foar animaasje fan 'e eftergrûnen, dy't bgl. Betsy Sharky yn 'e Los Angeles Times omskreau as: "net gewoan keamerbrede animaasje, mar keunst fan 'e heechste oarder."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kung Fu Panda 2 in heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 184 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De ferhaalline sil fans fan 'e oarspronklike film dan miskien in bytsje bekend foarkomme, mar Kung Fu Panda 2 biedt genôch aksje, komeedzje en fisuele pracht en preal om dat te kompinsearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kung Fu Panda 2 in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 34 resinsjes.
Kung Fu Panda 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $165,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $500,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $665,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $515,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Kung Fu Panda 2 in grut kommersjeel súkses en de meast opbringende animaasjefilm fan 2011. It wie ek de op fiif nei meast opbringende film fan it jier, nei Harry Potter and the Deathly Hallows – Part 2, Transformers: Dark of the Moon, Pirates of the Caribbean: On Stranger Tides, The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 en Mission: Impossible – Ghost Protocol.
Yn 2012 waard Kung Fu Panda 2 nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, mar ferlear fan Rango. Regisseur Jennifer Yuh Nelson wie de earste frou dy't mei in film foar dy priis nominearre waard sûnt Marjane Satrapi foar Persepolis yn 2007. De film waard ek nominearre foar de priis foar bêste lange animaasjefilm by de Saturn Awards, de Satellite Awards, de Critics' Choice Awards en de Kids' Choice Awards. Jack Black, dy't de stim fan Po ynspriek, waard nominearre foar de priis foar bêste stimakteur by de People's Choice Awards, de Teen Choice Awards en de Kids' Choice Awards. By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen spesifyk foar animaasjefilms, waard Kung Fu Panda 2 nominearre yn njoggen kategoryen. De film wûn de Annies foar bêste rezjy en bêste produksje-ûntwerp.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.