In kraj (Russysk: край; ornaris oerset as "territoarium") is ien fan de typen fan de federale dielgebieten fan Ruslân. It lân is ferparte yn 85 dielgebieten dêr't der 9 krajs fan binne. Oblasten, in oare foarm fan dielgebieten binne wetlik praktysk itselde as krajs en it ferskil tusken "kraj" en "oblast" is benammen tradisjoneel. Harren grûnwetlike status is itselde en harren fertsjintwurdigers hawwe deselde rjochten yn de Federaasjeried. Yn it tiidrek fan de Sovjet-Uny de autonome oblasten koene omfoarme wurde ta republiken of krajs, dochs net ta oblasten.
Bûten de politike terminology, hawwe de beide wurden deselde betsjuttenis, "regio" as "krite" yn it Frysk, en kinne foar beide foar itselde brûkt wurde.
In kraj wurdt bestjoerd troch in gûverneur en in parlemint dy't keazen wurde troch it folk. Krajs kinne ûnderferparte wurde yn raions (distrikten), stêden (te ferlykjen mei de Kreisfreie Stadt yn Dútslân) en okrûgs
It wurd kraj is ôflaat fan it Russyske wurd foar "râne", en kin oerset wurde as "gebiet oan 'e râne". It is te ferlykjen mei de Germaanske markgreefskippen dy't oan de râne fan bygelyks it Frankyske Ryk leine. De grutste kraj neffens oerflak is Krasnojarsk mei in oerflak fan 2.339.700 km² en de lytste is Stavropol mei in oerflak fan 66.500 km². De kraj mei de measte ynwenners is Krasnodar mei 5.404.300 ynwenners, en de kraj mei de minste ynwenners is Kamtsjatka mei 322.079 ynwenners.[1]
Yn it Russyske Keizerryk wiene krajs de twadde bestjoerslaach, dy't yn grutte gubernijas (gûverneminten) ûnderferparte waarden. Nei ferskate weryndielings yn de Sovjet-Uny waarden de gubernijas opheft en de krajs waarden ferparte yn lytsere ienheden. Stadichoan waarden oblasten en krajs lykskeakele en waarden de heechste bestjoerlike ienheden nei de Sovjetrepubliken (SSRs), dêr't de Sovjet-Uny sels yn ûnderferparte wie. It iennige ferskil wie dat de autonome oblasten yn krajs omfoarme wurde koene, wylst oblasten dat net koene. De krajs wiene unyk foar de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk, de grutste Sovjetrepublyk fan de Sovjet-Uny, en se hiene amper foech. Doe't de Sovjet-Uny yn 1991 útinoar foel, en de Sovjetrepubliken ûnôfhinklike lannen waarden, waarden se de heechste bestjoerslaach ûnder de nasjonale oerheid en krigen se folle mear foech.
Nei in bestjoerlike weryndieling yn 2000 waarden federale distrikten yn it libben brocht, in oerkoepeljende bestjoerslaach dêr't de federale dielgebieten yn groepen yndield waarden. It is te ferlykjen mei de gearwurkingsorganisaasje Noard-Nederlân, dêr't de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte ûnder beflapt waarden. Dy federale distrikten hawwe lykwols gjin grûnwetlike basis.
1. Altai |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.