From Wikipedia, the free encyclopedia
De Konettikut, de langste rivier yn Nij Ingelân yn de Feriene Steaten. De stream begjint yn de Konettikutmarren, in stikmannich marren yn it noarden fan de steat Nij Hampshire ticht by de Kanadeeske grins. Dêrwei streamt de rivier nei it suden, foarmet de grins tusken de steaten Fermont en Nij Hampshire, rint troch it westen fan Massachusetts en it midden fan Konettikut en mûnet yn de Long Island Sound. De rivier hat in lingte fan 640 km en in ôfwetteringsgebiet fan 29.138 kante kilometer.
Fral yn de maitiid, at de snie raant, nimt de rivier in protte sedimint mei. Dat hat de foarming fan sânbanken by de mûning fan de rivier fan gefolgen, dy't de skipfeart behinderje. Dêrtroch hat de Konettikut as iennige fan de rivieren yn de regio gjin grutte stêd oan de mûning.
De namme fan de rivier is in Frânske ferbastering fan it wurd quinetucket dat yn de taal fan de Algonquin yndianen "lange tijrivier" betsjut.
De earste Europeaan, dy't de rivier seach wie de Nederlânske ûntdekkingsreizger Adriaen Block yn 1614. De Nederlanners neamden de rivier de "Versche Rivier". De earste Ingelske kolonist dy't syn besite oan de rivier beskreau, wie Edward Winslow fan de Plymouth koloanje yn 1632. Yn 1633 festigen de Ingelsken in hannelspost yn Windsor yn Konettikut. De Nederlanners bouden in hannelspost mei in fort yn Hartford, dy't beide wer ferlitten waarden yn 1654.
Fanwege it grutte ferfal fan de rivier waarden der yn de 19e iuw fabriken oan de ouwer set en meitsje gebrûk fan wetterkrêft. It grutste ferfal (17,7 meter) hat de rivier by Holyoke yn Massachusetts. Oare yndustrysintrums fan belang binne Windsor yn Konettikut, Springfield yn Massachusetts en Brattleboro yn Fermont.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Connecticut River fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.