Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kazan-katedraal yn Moskou, eins de Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan (Russysk: Казанский собор), is in Russysk-otterdoksk tsjerkegebou yn 'e noardeastlike hoeke fan it Reade Plein yn 'e Russyske haadstêd Moskou. It hjoeddeiske gebou is in rekonstruksje fan de orizjinele tsjerke, dy't op oanwizing fan de doedestiidske diktator Josef Stalin yn 1936 ferneatige waard.
Kazan-katedraal (Moskou) | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 45'N 37° 37'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1625 ferneatige: 1936 werbou 1990-1993 | |
Webside | ||
kazanski-sobor.ru | ||
Kaart | ||
De oarspronklike tsjerke waard yn 'e iere jierren 1630 boud ta oantinken fan 'e befrijing fan Moskou fan 'e Poalske ynvaazje yn 1612.
Nei't de Poalen ferdreaun wiene, skreau Dmitri Pozjarski it súkses ta oan 'e godlike help fan 'e Hillige Mem Gods fan Kazan, ta wa't hy him ferskate kearen keard hie foar bystân. Ut eigen middels finansierde hy de bou fan in houten tsjerke op it Reade Plein fan Moskou, dy't wijd waard oan Us Leaffrou fan Kazan.
Doe't it lytse hilligdom yn 1632 ôfbaarnde, joech tsaar Michael I opdracht om it te ferfangen troch in stiennen tsjerke. Dy twadde tsjerke waard yn oktober 1636 ynwijd.
Troch meardere renovaasjes en feroarings oan it gebou gyng it oarspronklike ûntwerp alhiel ferlern. De ferneamde Russyske arsjitekt Pjotr Baranovski stie yn 'e jierren 1929–1932 foar de útdaging om de gevel werom te bringen nei it oarspronklike ûntwerp. Guon spesjalisten hiene lykwols krityk op de krektens fan de rekonstruksje.
Yn 1936, doe't de kommunisten it Reade Plein op 'e nij ynrjochtsje woene foar it hâlden fan grutte militêre parades, joech Stalin opdracht dat de romte frij makke wurde moast fan tsjerken. Ynspannings fan Baranovski om de ôfbraak fan 'e Kazan-katedraal tefoarren te kommen, wiene om 'e nocht. Hy krige it lykwols wol foar inoar dat de Basiliuskatedraal stean bliuwe mocht.
Nei de ynstoarting fan de Sovjet-Uny wie de Kazan-katedraal de earste tsjerke dy't wer rekonstruearre waard. Dat barde yn 'e jierren 1990-1993 oan 'e hân fan krekte ôfmjittings en ôfbylden fan 'e oarspronklike tsjerke, dy't Baranovki noch foar de ferneatiging yn 1936 makke hie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.