Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Basiliustsjerke (Russysk:Храм Василия Блаженного Chram Vasilija Blazjennogo, de 'Tsjerke fan Basilius de Sillige') of de Foarbeakatedraal (Покровский собор, Pokrovski Sobor, de Foarbeakatedraal') stiet oan it Reade Plein en is ien fan 'e meast ferneamde gebouwen fan 'e Russyske haadstêd Moskou.
Basiliuskatedraal
Храм Васи́лия Блаже́нного | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Reade Plein | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 37' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Posnik Jakovlev, Ivan Barma | |
boujier | 1555-1561 | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7710342000 | |
Webside | ||
shm.ru/museum | ||
Kaart | ||
De bou fan 'e katedraal sette yn 1552 yn opdracht fan tsaar Ivan de Ferskriklike útein en duorre oant en mei 1561. De oanlieding foar de bou wie de oerwinning fan 'e Russen op 'e Tartaarske stêd Kazan. Arsjitekten wiene Posnik Jakovlev út Pskov en Ivan Barma (dy't mooglik ien en deselde persoan wienen). It ferhaal giet dat de tsaar de arsjitekt de eagen útstekke woe om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje koe.
De offisjele namme fan 'e Basiliustsjerke is de katedraal fan 'e Foarbea fan 'e Mem Gods. De katedraal waard lykwols bekender ûnder de namme Basiliuskatedraal, nei de hillige dwaas Vasili, dy't dêr begroeven leit. It monumint is neffens de tradisjonele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn 1670 binne de sipelfoarmige koepels beskildere yn ferskate kleuren, dêrfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.
Pokrov bestjut letterlik 'sluier' en is de namme fan it feest yn 'e Easterske otterdoksy, dat yn 'e regel oerset wurdt as 'Foarbea fan 'e Mem Gods'. Benammen yn Ruslân is it in wichtich feest, dat op de otterdokse kalinder op 14 oktober fierd wurdt. It giet werom op in barren fan 911 yn 'e Blachernaepaleistsjerke yn Byzantium. Under lieding fan 'e heidenske prins Oleg foelen Slavyske stammen Byzantium oan om de stêd en omkriten te plonderjen. De bewenners sochten harren taflecht yn 'e tsjerke, dêr't de Mem fan God mei Jehannes de Doper en Jehannes de Evangelist boppe it biddende tsjerkefolk ferskynden en de Mem Gods mei har sluier de minsken oerduts om se te beskermjen tsjin 'e fijannelike oerfallen. De oare deis joech prins Oleg syn troepen opdracht om har werom te lûken út de stêd. Dat is it feest dêr't it belangrykste alter fan 'e katedraal oan wijd is en dat de namme oan 'e katedraal joech. Mei de oermastering fan grutte dielen fan 'e otterdokse wrâld troch de islamityske Turken rekke it feest stadichoan yn it ferjitten, mar yn Ruslân bleau de tradysje fan 14 oktober bestean.
De katedraal wurdt offisjeus ek de Basiliustsjerke neamd nei Basilius de Sillige, dy't yn 'e njoggende kapel byset is. Basilius wie in swalker en stiel om 'e earmen iten te jaan. Hy soe Ivan IV beskrobbe ha om 't dy gjin omtinken oan 'e earmen joech en net as goed kristen libbe. Ek foarsei er in grutte stedsbrân, itjinge in soad lijen tefoarren kaam. Nei syn dea waard er yn 'e noch net foltôge katedraal begroeven. Ivan IV wie op 'e begraffenis ien fan 'e dragers fan syn kiste.
Foar it ûntwerp fan it gebou waard brutsen mei de tradisjonele plattegrûn fan tsjerkegebouwen. De arsjitekt keas foar in sintrale kapel, mei dêrom hinne acht kapellen, dy't elts in symboalyske ferwizing hat nei ien fan 'e acht oanfallen op Kazan. De middelste kapel is de haadtsjerke en hat in tintedank mei in gouden koepel, de oare kapellen hawwe allegear in kleure koepel. De fjouwer grutte koepels foarmje tegearre in krús. Om 'e sintrale kapel rint in gong, dy't in ferbining makket mei de oare kapellen. Dy gong waard ein 17e iuw oerdutsen. De katedraal hat mei sin gjin foargevel, sadat er fan alle kanten bewûndere wurde kin. Oarspronklik wie de katedraal wyt mei gouden koepels, mar nei in brân yn 1583 waarden se ferfongen troch de hjoeddeiske koepels en sûnt 1670 waard útein set mei it oanbringen fan kleuren.
De katedraal waard tusken 1555 en 1560 boud. De folsleine namme is Sobor Pokrova, tsjto na rvoe (Собор Покрова, что на рву), itjinge "Katedraal fan 'e foarbea fan 'e Mem Gods op 'e groppe" betsjut. De Pokrovkatedraal ferfong in âldere ferlitten tsjerke op itselde plak. De wijing fûn plak op 12 july 1561.
Der wurdt ornearre dat Ivan de arsjitekt Jakovlev nei foltôging fan it wurk frege as er in noch moaier gebou meitsje koe. Doe't de arsjitekt sei dat er dat wol koe, liet de tsaar him de eagen útstekke om der wis fan te wêzen dat de Pokrovkatedraal it moaiste gebou bleau. It ferhaal is net wier want de arsjitekt hat letter mear gebouwen ûntwurpen en wurke bygelyks ek mei oan 'e Ferkundigingskatedraal en de muorren en tuorren fan it kremlyn fan Kazan. Itselde ferhaal wurdt ek ferteld oer de makker fan it astronomysk oerwurk fan Praach. De bou waard útfierd troch faklju út Dútske kontreien en mitslers út Pskov.
Fjouwer jier nei de dea fan Ivan IV waard oan 'e noardeasthoeke fan 'e katedraal in tsjerke boud, nei alle gedachten troch deselde arsjitekt. Yn opdracht fan tsaar Fjodor waarden yn 1588 de reliken fan 'e hillige healwizeling Vasili (ek Basilius) nei dy tsjerke oerbrocht, dy't ek de namme fan 'e hillige krige. Vasili, in healwizeling yn Kristus, wie tige populêr ûnder it folk en om 't yn dy tsjerke oars as yn 'e oare tsjerken fan 'e katedraal alle dagen drok besochte tsjinsten fierd waarden, krige de katedraal hieltiten faker de namme Vasilitsjerke. Sa waard de tsjerke ynternasjonaal ek fral bekend ûnder de namme Basiliustsjerke (Basilius is de Latynske foarm fan Vasili).
De katedraal waard yn 1919 troch de bolsjewiken yn beslach nommen en sletten foar reparaasjes. De arsjitekt Pjotr Baranovski hie de lieding oer it wurk, dat oant 1929 duorre. Oeral yn Moskou en Ruslân waarden tsjerken ôfbrutsen en om de katedraal dat lot te besparjen koe it net oars as de katedraal moast in museum wurde en dat soe dan it museum ta neitins oan 'e Russyske oermastering fan Kazan wurde. Dochs like it der op dat ek de Basiliuskatedraal net oan 'e weach fan ferneatiging fan religieuze bouwurken ûntkomme soe. Yn 1929 waarden de klokken fan 'e katedraal weihelle en Jozef Stalin feroardene om de tsjerken fan it Reade Plein ôf te brekken om dêr tenei de grutte militêre parades te hâlden. De Kazankatedraal waard ôfbrutsen en om de parades safolle mooglik romte te jaan moast ek de Basiliuskatedraal der oan leauwe. De plannen feroarsaken lykwols protest en Eleanor Roosevelt stelde sels út om it hiele bouwurk ôf te brekken en wer op te bouwen yn 'e Feriene Steaten. De arsjitekt Baranovski late de protesten en neffens guon ferhalen stie dy op de treppen fan it gebou, dêr er him de kiel drige troch te snijen, en stjoerde er in stikelich telegram nei it Sovjetregear. Neffens in oar ferhaal soed er op syn knibbels lein ha foar it Sintraal Komitee fan 'e KPSU om de leden oer te heljen it gebou stean te litten. Lang om let bleau de katedraal stean, mar Baranovski krige yn 1933 in feroardieling foar anty-Sovjetpropaganda en waard foar 3 jier twangarbeid nei de West-Sibearyske stêd Mariinsk ferballe. Yn 1936 waard it monumint foar Dmitri Pozjarski en Kûzma Minin, dy't it Russyske frijwilligersleger yn 'e Tiid fan Unstjoer tsjin de Poalske ynfaazjetroepen laten, ferset fan it midden fan it Reade Plein nei in plak foar de katedraal, sadat de troepen sûnder beheining paradeare koene.
Lykas hast by alle noch besteande tsjerken waard yn 'e Sovjet-Uny oan ûnderhâld net folle dien, sadat it gebou yn 'e rin fan 'e tiid der net moaier op waard.
Sûnt 1990 waard de katedraal fan binnen en bûten hielendal restaurearre. It wurk waard yn 2006 ôfsletten. Yn 1990 waarden de klokken wer ophongen. De hjoeddeiske klokken datearje fan 1547 oant 1996 en komme út de Oeral, Jaroslavl, Moskou, Frankryk, Dútslân, Wyt-Ruslân en Nederlân.
Op 14 oktober 1991 waard der foar it earst sûnt lang ek wer in tsjinst holden yn 'e tsjerke. Sûnt wurde der út en troch wer tsjinsten fierd, mar de katedraal is noch jimmeroan in ûnderdiel fan it Nasjonaal Histoarysk Museum. Mei de oare monuminten op it Reade Plein en yn it kremlyn foarmet de katdraal wrâlderfgoed fan UNESCO.
Yn Jalainur (Binnen-Mongoalje) tichteby Sina's grins mei Ruslân stiet in replika fan de Basiliuskatedraal.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.