Remove ads

Karel van de Graaf (Rotterdam, 4 desimber 195014 novimber 2023) wie in Nederlânske radio - en telefyzjepresintator. Hy wurke tusken 1969 en 2007 foar de AVRO. Yn 1981 wûn hy foar syn radiowurk de Sulveren Reissmikrofoan.

Fluch de feiten
Karel van de Graaf
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Thumb
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne4 desimber 1950
berteplakRotterdam
stoarn14 novimber 2023 (72 jier)
wurkpaad
wurksum aspresintator
bekend fanKarel
Netwerk
Wie is de Mol?
jierren aktyf1969–2007
prizenSulveren Reissmikrofoan
offisjele webside
IMDb-profyl
Slute

Libben en wurk

Radio

Op de radio presintearre Van de Graaf ûnder oare op Hilversum 1 it lette jûnprogramma Met het Oog op Morgen, it nachtprogramma Nachtdienst en op Hilversum 3 ûnder mear Als je niet opstaat, dan blijf je maar liggen (1974-1975), De Van de Graaf-generator (1978-1979) en fan 1980 oantt 1984 op moandei moarnsier Vol gas sûnt 1983 de Nummerplaat.

Thumb
Van de Graaf by in parsekonferinsje y.v.m. ûntfiering fan Gerrit Jan Heijn yn it gemeentehûs fan Bloemendaal mei tf-programma "Opsporing Verzocht"

Telefyzje

Yn't earstoan wied er assistint fan Ria Bremer yn it berneprogramma Stuif es in. Dêrnei joech er fanút Slagharen kommentaar by Avro's Fietscross. Van de Graaf siet by de einstreek yn in lyts hokje.

Op telefyzje waard er benammen bekend mei it alle wiken útstjoerde praatprogramma Karel (1984-1999, yn't earstoan Karel van de Graaf).

Op 3 desimber 1984 hied er in fraachpetear yn in streekrjochte útstjoering fan dat praatprogramma mei tsjinstanners fan it eardere militêre bewâld yn Suriname, doe 't ien út it publyk – Evert Tjon, ek bekend as Evert Wolff, sjauffeur fan de oan it debat dielnimmende Rob Wormer – opstie en Desi Bouterse-opponint Paul Somohardjo oanfoel. Nei 't de útstjoering troch de AVRO ôfbrutsen wie, waarden der efter de skermen twa skotten lost. [1][2][3][4] Ien persoan rekke ferwûne, mar Van de Graaf sels net.

Fan 1986 ôf presintearre er ek de aktualiteiterubryk Televizier en fan 1996 oant 2004 Netwerk. Yn 2004 gie er nei TweeVandaag, it lettere EenVandaag. Yn 2006 en 2007 presintearre Van de Graaf de sechsde en sânde rige fan it populêre amusemintsprogramma Wie is de Mol?

Untslach by de AVRO

Op 17 septimber 2007 stapte Van de Graaf, neffens eigen sizzen 'yn goed oerlis', op by de AVRO. Neffens de direksje kaam syn sjoernalistike ûnôfhinklikheid yn it pleit yn kombinaasje mei syn wurk as direkteur corporate communicatie fan it enerzjybedriuw Econcern. Omdat syn kontrakt noch rinne soe oant ein 2009, krige er dêrfoar in ûntslachfergoeding mei fan € 544.000. [5] De hichte fan dit bedrach late ta publisiteit en ta Keamerfragen.

Omrop MAX

Yn 2010 presintearre er by Omrop MAX it programma Iedereen kan internetten.

Priveelibben

Van de Graaf wie de lêste jierren fan syn libben oanhelle mei de sykte fan Alzheimer en ferstoar op 14 novimber 2023 yn de âldens fan 72 jier. [6]

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads