Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De papsûgers (Lonicera), of ek wol kamperfoeljes, binne in skaai fan klimplanten dat yn Jeropa, Sina, noardeastlik Aazje en yn de Feriene Steaten foarkomt. Dizze planten hearre ta de famylje fan de papsûgers (Caprifoliaceae). Se wine har om oare planten en beammen hinne.
papsûgers | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
(sûnder rang): | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
(sûnder rang): | ranke planten (Lignophyta) | |
boppeklasse: | siedplanten (Spermatophyta) | |
klasse: | bedutsensieddigen (Angiospermae) | |
(sûnder rang): | twasiedblêdigen | |
(sûnder rang): | asteriden | |
(sûnder rang): | kampanuliden | |
skift: | kaarde-eftigen (Dipsacales) | |
famylje: | papsûgers (Caprifoliaceae) | |
ûnderfamylje: | papsûgers (Caprifolioideae) | |
skaai: | papsûgers (Lonicera) | |
Linnaeus, 1753 |
De blommen hawwe benammen jûns in sterke swiete rook. Se binne der in ferskate kleuren, in soad foarkommend is de rôze-reade en giel-wite foarm. Kamperfoelje is frij maklik te fermearderjen út simmer- of winterstek. Yn it Frysk wurdt dit planteskaai behalven papsûgers ek wol de kamperfoeljes, klapsûgers, stjonkblommen of tateblommen neamd. It skaai krige syn Latynske namme fan de Dútske natuerhistorikus Johann Lonitzer.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.