Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jiskenhuzen is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, west fan Sint Nyk oan de eastouwer fan de Jiskenhúster Mar. In part fan de buorskip De Noed falt ûnder it doarp.
Jiskenhuzen | ||
De tsjerke fan Jiskenhuzen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 500 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8523 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 43' EL | |
Tinkstien foar Egbert Douwes | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Jiskenhuzen yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Jiskenhuzen hat 500 ynwenners (1 jannewaris 2023) [2].
De namme Jiskenhuzen is mooglik ôflaat fan de persoanenamme Eeske. It twadde part fan de namme "-huzen" betsjut delsetting en sadwaande betsjut de namme "delsetting fan Eeske".
Der wurdt tocht dat it doarp yn 1275 as Beyraburium en yn 1440 as Beyraburum ferwiisd wurdt, mar alhiel wis is dat net. Yn 1495 komt de namme Eeskenhuzen foar en is de âldste foarm fan de hjoeddeistige doarpsnamme. Yn 1543 komt Yskenhuysen foar.
Om 1500 hinne stie der in "Roardastins" yn Jiskenhuzen. De dochter fan immen dy't Bave hiet, boasket Fredrick Roarda. Troch dat houlik komt de stins of state yn besit fan de famylje Roarda. Neitiids is der lykwols neat mear oer de stins bekend. Yn de santjinde iuw wie it rjochthûs fan de gritenij Doanjewerstâl dêr fêstige.
Dêrnei moat it doarp in ein leechrûn west hawwe, want yn de achttjinde iuw waard neamd dat der noch mar sân pleatsen bestie en dat in soad lân ta bosk omfoarme waard.
Egbert Douwes, dy't yn Jiskenhuzen hikke en tein wie, wie de grûnlizzer fan de kofjehannel De witte os dy' letter útwaakse soe ta it grutte kofje- en teebedriuw Douwe Egberts. It bedriuw ûntstie de't Egbert Douwes en syn frou Akke Thysses fan Jiskenhuzen nei De Jouwer ferhuzen en dêr yn 1753 mei in "winkel yn kolonjaal guod" útein te setten.
Oant 1936 stie de herfoarme tsjerke fan Jiskenhuzen in ein bûten it doarp, midden tusken de kij en de greiden. It tsjerkje waard yn 1936 ôfbrutsen fanwegen de minne steat fan it gebou. Ea stiene der wol mear gebouwen om hinne. Der wurdt sein dat der yn Jiskenhuzen in grutte brân west hat, dy’t in grut oantal gebouwen yn de jiske lein hat. Wêrûnder de huzen om it tsjerkje hinne. Yn de earste helte fan de tweintichste iuw fûn de boer in soad stiennen en dakpannen yn de grûn.
De eardere herfoarme tsjerke waard omboud ta sylskoalle.
De Grifformearde tsjerke fan Jiskenhuzen is fan 1889 as opfolger fan in tsjerke fan 1844 dy't yn 1889 sloopt waard. By in ferbouwing yn 1929 waarden iermoderne glês-yn-leadruten oanbrocht oan beide sydkanten en de foargevel. Yn it rút fan de foargevel steane de jiertallen 1844-1994 dy't dêr op wize dat de grifformearde gemeente 150 jier bestie.
Yn Jiskenhûzen hat in nôtmûne stien dy't foar 1664 boud waard en nei 1766 ôfbrutsen waard.
It doarpshûs hjit De Stjelp. Pleatslik Belang is de belange-organisaasje fan it doarp en fersoarget it nijs op de facebookside fan it doarp.
1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
269 | 483 | 423 | 388 | 371 | 336 | 438 | 485 | 500 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.