From Wikipedia, the free encyclopedia
De Jehannestsjerke yn Toppenhuzen yn 'e gemeente Súdwest Fryslân is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Toppenhuzen-Twellingea. De tsjerke is in ryksmonumint.
Jehannestsjerke | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Toppenhuzen | |
adres | Tsjerkebuorren 1 | |
koördinaten | 53° 00' N 5° 41' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1695 Toer: 1817 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39808[1] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Toppenhuzen-Twellegea | ||
Kaart | ||
De tsjerke ferfong in midsiuwske tsjerke dy't foar de reformaasje oan Jehannes de Doper wijd wie en ta de Johaniter kommanderij yn Snits hearde.
Op 22 july 1695 waard foar de hjoeddeiske tsjerke de earste stien lein troch Zeino Joachim fan Burmania (1681-1710), soan fan de grytman fan de gritenij Wymbritseradiel Sjuck Gerold Juckema fan Burmania (1652-1720).
De sealtektoer bleau ynearsten bestean, mar waard yn 1817 ek ferfongen troch de hjoeddeiske toer mei in ynsnuorre spits. Yn 1831 waard de tsjerke oan de eastlike kant langer makke en in gevelstien betinkt it iepenjen fan in yngong yn de westlike toer.
De eardere pastorij oan de Tsjerkebuorren 43 waard yn 1866 boud neffens in ûntwerp fan A. Breunissen Troost en is ek in ryksmonumint.[2]
Yn 'e toer hinget in klok fan Geert fan Wou út 1483. It mechanyske oerwurk datearret fan 1816.
It oargel waard yn 1909 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. It ferfong doe in âlder oargel út 1821 fan Albertus fan Gruisen. It oargel waard yn 2003 restaurearre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.