From Wikipedia, the free encyclopedia
Jakob van Schevichaven (Snits, 20 juny 1866 - De Haach, 20 maaie 1935) wie de earste profesjonele Nederlânske detektiveskriuwer. Hy waard bekend ûnder it op syn inisjalen basearre pseudonym Ivans ('J-van-S' waard 'Ivans').
Van Schevichaven wie iennichst bern fan Samuel Reinier Johan van Schevichaven, dy't yn 1864 learaar oan de hbs yn Snits waard [1] en Martina Margaretha Paulina Maria Mellink. Yn novimber 1867 ferhuze de húshâlding nei Amsterdam, dêr't heit natuerkundelearaar waard oan it Barlaeus Gymnasium. Syn mem stoar yn 1879. Heit Van Schevichaven behearde in jier letter ta de oprjochters fan de Algemeene Maatschappij van Levensverzekering en Lijfrente, meast fersekeringsmaatskippij De Algemeene neamd.
Van Schevichaven soe by De Algemeene oan 't wurk gean en gie dêrom nei de Iepenbiere Hannelsskoalle yn 1884 nei de Universiteit fan Amsterdam om rjochten te studearjen. Hy wie bestjoerslid fan het Amsterdamsch Studenten Corps. Begjin 1888 studearre er ôf en promovearre datselde jier noch op Wettelijk karakter van het contract van levensverzekering.
Hy wurke as direkteur by De Algemeene en debutearre as skriuwer yn 1894 mei it toanielstik Een Hongaarsch duel. Der folgen mear stikken. De ferdekeringsmaatschappij krige troch de Earste Wrâldoarloch en de Russyske Revolúsje grutte swierichheden en yn 1921 fallyt. Dêrnei waard Van Schevichaven syn skriuwerij fan leafhawwerij ta syn berop.
Doe't er fêstrûn mei it toanielstik De man uit Frankrijk, makke er der in roman fan mei yn de haadrol Geoffrey Gill (G.G.). Under it pseudonym 'Ivans' soe er 44 detektiveromans skriuwe. In apart gefal is Verborgen angels út 1930, dat him yn Suriname spilet. Van Schevichaven's ferhalen wiene fral foar de oarloch populêr yn Nederlân. In protte ferhalen út de earste rige (o/m 1922) waarden ek fertaald. Neist detektiveferhalen en toanielstikken skreau Van Schevichaven ek berneboeken, romans en koarte ferhalen, foar in part ûnder eigen namme en foar it oare part as 'Ivans'.
Tusken 1973 en 1980 joech Bruna 15 fan de ferhalen ynkoarte en bewurke fannijs út.
Hy stoar yn de âldens fan 68 jier yn De Haach en waard dêr beïerdige op begraafplak Oud Eik en Duinen. Syn dea sljochte it paad foar Hans van der Kallen ('Havank'), waans manuskripten oant doe faak ôfwiisd waarden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.