From Wikipedia, the free encyclopedia
Jacob (Jaap) van der Meij (Amsterdam, 1 septimber 1923 – Tortellà (Olot), 1 juny 1999) wie in Nederlânsk byldhouwer, keunstskilder en monumintaal keunstner.[1]
Jaap van der Meij | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacob van der Meij | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 septimber 1923 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 1 juny 1999 | |
stjerplak | Tortellà (Spanje) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldhouwer, keunstskilder en monumintaal keunstner | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Van der Meij waard berne yn Amsterdam út Amelanner âlden. Hy wie in soan fan keapfardijkaptein Jacob van der Meij en Sijtske Molenaar. Hy krige syn oplieding oan it Instituut Opleiding tot Tekenleraren en by perfester Heinrich Campendonk oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Dêrnei studearre er fierder oan it Gents Hoger Instituut Schone Kunsten. Van der Meij syn wurk is fral yn Noard-Nederlân te finen; it oeuvre bestiet ûnder oaren út reliëfs en plastiken fan beton, somtiids kombinearre mei glês of hout. Hy wie dosint oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.
Van der Meij wenne ûnder mear yn Amsterdam, Schoonhoven, Meppel en fan 1961 ôf yn Fryslân. Yn 1963 naam er de Adelstsjerke yn Ald-Beets as atelier yn gebrûk, letter hie er syn wurkpleats yn in skuorre yn Ketlik. Fan 1987 ôf oan wenne er yn Spanje, dêr't er yn de âldens fan 76 jier ferstoar. Hy waard beïerdige yn Hollum.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.