From Wikipedia, the free encyclopedia
J.J. Voskuil, skriuwersnamme fan Johannes Jacobus (Han) Voskuil (De Haach, 1 july 1926 – Amsterdam, 1 maaie 2008) wie in Nederlânsk folkekundige en skriuwer fan romans en koarte sketsen.
J.J. Voskuil | ||
skriuwer | ||
J.J. Voskuil | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Jacobus Voskuil | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 july 1926 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 1 maaie 2008 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
sjenre | roman, etnografy, reisferhaal | |
perioade | 1956 - 2008 | |
bekendste wurk(en) | Bij nader inzien, de rige Het Bureau | |
prizen | sjoch tekst | |
offisjele webside | ||
Voskuil yn de DBNL |
Voskuil wie de âldste soan fan Klaas Voskuil (1895-1975), haadredakteur fan Het Vrije Volk, dy't fral bekend wurden is troch syn VARA-radiorubryk Socialistisch Commentaar. J.J. Voskuil is ferneamd nei syn pake Johannes Jacobus Voskuil, dy't bakker wie te Swol.
Nei syn stúdzje Nederlânsk oan de Gemeentlike Universiteit yn Amsterdam wurke Voskuil as oersetter by de EGKS yn Straatsburch en neifolgjend yn it seizoen 1955/56 as learaar oan in kweekskoalle yn de stêd Grins. Werom yn Amsterdam die er as studint-assistint mei oan in útjefte fan it wurk fan P.C. Hooft. Yn 1957 kaam er yn tsjinst by it Instituut voor Dialectologie, Volks- en Naamkunde, it tsjintwurdige Meertens Ynstitút.
Voskuil hat troud west mei Lousje Haspers. Beide wiene dierebeskermers. Yn 1997 rjochte Voskuil de dierewolwêzenorganisaasje Stichting Varkens in Nood op, stipe troch skriuwer Koos van Zomeren en oaren. In protte eleminten út it persoanlik libben fan Voskuil en syn frou binne beskreaun yn syn boeken, sa as it net ha wollen fan in auto, harren leafde foar katten, it wenjen oan de Lijnbaansgracht nr. 84-hs (1956-1969) en de Herengracht (nr. 60 (1969-2008) yn Amsterdam en harren kuierfekânsjes yn Auvergne.
Nei in lange tiid fan siikwêzen hat Voskuil besletten ta eutanasy. Hy is thús stoarn. Op 8 maaie 2008 kaam er te hôf op Oud Eik en Duinen yn Den Haach.
In tige wiidweidige bibliografy, en fan de fersprate wittenskiplike en literêre publikaasjes fan J.J. Voskuil, is te finen yn Lam naast leeuw troch J. Heymans.
wittenskiplik wurk
bellettry
oar wurk
Het Bureau waard yn 2007 opnaam yn de list fan bêste Nederlânsktalige boeken fan alle tiden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.