Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Isaac Asimov (Petrovitsji, 2 jannewaris 1920 – New York, 6 april 1992) wie in Amerikaansk skriuwer en biogemikus. Hy wie in tige súksesfol skriuwer fan science fiction- en fan populêr-wittenskiplike boeken foar in grut publyk. Hy hat om-ende-by 500 publikaasjes op syn namme. Troch syn fans wurdt hy noch hieltyd koezjend The Good Doctor neamd. Mei Arthur C. Clarke (1917-2008), en Robert Heinlein heart hy ta de 'Grutte Trije' fan de sciencefiction-skriuwers yn de 20e iuw.
De boeken fan Asimov oer ferskate wittenskiplike ûnderwerpen binne loftich en mei koartswyl skreaun. Men kin it sa mâl net betinke of Asimov hat der wol oer skreaun. Fan teology en bibelske skiednis oant abstrakte wiskunde. In kar út syn wurk:
Asimov hat ek al trije (boek)dielen fan syn autobiografy klear. In Memory Yet Green (1979), In Joy Still Felt (1980), en I. Asimov: A Memoir (1994).
Fierders skreau er noch ferskate essays, sa as Thinking About Thinking en Science: Knock Plastic (1967).
Nebula Grand Master Award (1986)
Ferskaat
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.