Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Irena Stanisława Sendler, yn 't Poalsk ek Irena Sendlerowa, berne Krzyżanowska (Otwock, 15 febrewaris 1910 - Warsjau, 12 maaie 2008), wie in Poalsk fersetsstrydster. Sy organisearre de berneôfdieling fan de Ried foar de Ondersteuning fan Joaden (Żegota) dy't 1942 fan Poalen fan ferskaat oan leauwerjochtings en wraldbeskôgings oprjochte waard om Joaden út hannen fan de Dútske besetter te rêden.
Irena Sendler wie in dochter fan Dr. Stanisław Krzyżanowski, in dokter, en syn frou Janina. har heit stoar febrewaris 1917 oan de tyfus dy't er skipe hie by de behanneling fan pasjinten dy't syn kollega's wegeren te behanneljen fanwege it besmettinggefaar; der wiene in protte Joaden ûnder. Nei syn dea bea de lieding fan de Joadske mienskip syn frou help oan en betelle foar Irena hat stúdzje. Sy studearre Poalske literatuer oan de Universiteit fan Warsjau en waard lid fan de Poalske Sosjalistyske Partij. Sy wie tsjinstanner fan it saneamde getto-bank systeem dat guon Poalske universiteiten der foar de oarloch op nei holden. Om reden fan har iepenlik protest waard har de tagong ta de universiteit foar in periode trije jier ûntsein.
Sendler wie al foar de oarloch sosjaal wurkster en as sikefersoarchster foar epidemykontrôle hie se tagong ta it getto fan Warsjau. Yn 'e mande mei oaren slagge it har en smokkelje 2500 Joadske bern út it getto en bring harren ûnder by Poalske hûshâldings, kleasters en weeshuzen. Troch kontakten yn it ministearje fan wolfeart krigen de bern falske papieren.
Yn 1943 waard Sendler troch de Gestapo fêstset en ta de dea feroardiele. Under tramtaasje - har skonken en fuotten waarden brutsen - waard besocht har de nammen fan de rêde bern te neamen, mar sy ferrette neat. Om letter bern en âlden wer byïnoar brige te kinnen, hie Sendler nammelisten yn koade byholden en yn wekflessen ûnder in apelbeam yn in tún ferside brocht.
It slagge Żegota om Sendler middels omkeapjen frij te krijen. In SS'er sloech har ûnderweis nei har eksekúsje del en liet har oan 'e kant fan de dyk lizze. Dat de eksekúsje offisjeel wol trochgien wie, kaam se letter achter troch meidielingsbuorden fan de besetter. Sendler feroare doe har identiteit en libbe oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt ûnder in falske namme.
Yn 1965 waard Sendler fan Jad Wasjem ûnderskieden mei de earetitel Rjochtfeardige ûnder de Folken.[1] Op 10 novimber 2003 waard se ûnderskieden yn de Oarder fan de Wite Earn, de heechste ûnderskieding yn Poalen. Dêrnjonken krige se noch mear ûnderskiedings en sy waard 2007 troch de Poalske senaat foardroegen as ien fan de 181 nominearden foar in Nobelpriis foar de Frede.
Anna Mieszkowska skreau in boek oer har libben dat yn 2007 yn it Dútsk útbrocht waard en yn 2010 yn it Ingelsk oerset waard. Regisseur en senarioskriuwer John Kent Harrison ferfilme har libben yn 2009 yn de film The Courageous Heart of Irena Sendler, wêryn't aktrise Anna Paquin de rol fan Sendler spilet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.