Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ingrid Visser (folút: Ingrid Natasha Visser; Wellington, 20 febrewaris 1966) is in Nijseelânsk biologe en publisiste fan Nederlânsk komôf, dy't har spesjalisearre hat yn ûndersyk nei swurdwalfisken (ek bekend as orka's). Se is benammen bekend wurden trochdat se meiwurke hat oan ferskate dokumintêres oer dy bisten. Visser jout fierders oan board fan cruiseskippen ek geregeldwei lêzings oer swurdwalfisken, benammen op reizen nei Antarktika.
Ingrid Visser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ingrid Natasha Visser | |
nasjonaliteit | Nijseelânsk | |
berne | 20 febrewaris 1966 | |
berteplak | Wellington (Nij-Seelân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biologe | |
aktyf as | publisiste, aktiviste | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
reden bekendheid | har wurk mei orka's |
Visser waard yn 1966 berne yn de Nijseelânske haadstêd Wellington, as de dochter fan âldelju dy't yn 'e 1950-er jierren út Nederlân nei Nij-Seelân emigrearre wiene. Hja hat in jongere suster, Monique, dy't ek yn Nij-Seelân berne is, en yn Auckland wennet. Fan juny 1982 oant novimber 1986 sylde Visser mei har âlden en suster oan board fan in 17 m lang jacht om 'e wrâld, in reis wêrby't se mear as 93.000 km ôfleine en mear as fjirtich lannen oandiene.
Neitiid behelle Visser in bachelortitel yn biology oan 'e Massey Universiteit yn Palmerston North, en in mastergraad yn biology en in doktoraat yn filosofy oan de Universiteit fan Auckland. Fan 1992 ôf die Visser oanhâldend wittenskiplik ûndersyk nei swurdwalfisken (ek bekend as orka's), en yn 2000 promovearre se yn 'e biology op in proefskrift dat de earste wittenskiplike stúdzje ea omfieme nei swurdwalfisken yn 'e seeën om Nij-Seelân hinne.
Visser hat de útkomsten fan wittenskiplik ûndersyk nei swurdwalfisken fan 1998 ôf publisearre yn ferskate ynternasjonale wittenskiplike tydskriften. In grut diel fan dy publikaasjes binne sammele op 'e webside fan de Orca Research Trust (sjoch op dizze side ûnder it kopke Keppelings om utens), dy't troch Visser sels oprjochte is. Yn 2002 wie Visser har wurk fan krúsjaal belang foar de reklassifikaasje fan swurdwalfisken troch it Nijseelânske regear fan "algemien foarkommend" ta "krityk bedrige yn ús lân".
Njonken poer wittenskiplik wurk hat Visser ek artikels skreaun foar populêr-wittenskiplike tydskriften, lykas National Geographic, BBC Wildlife, New Zealand Geographic en An Encyclopedia of New Zealand. Behalven de Orca Research Trust hat Visser ek de Antarctic Killer Whale Indentification Catalogue opsetten en wie se mei-oprjochter fan Punta Norte Orca Research, in non-profitorganisaasje dy't rjochte is op ûndersyk nei swurdwalfisken yn Argentynje. Fierders hat hja ek de organisaasje Adopt an Orca oprjochte om yn har heitelân jild yn te sammeljen foar fierder ûndersyk en it omsteand laach bewust te meitsjen fan it lot fan 'e swurdwalfisk. Yn septimber 2010 rjochte Visser mei oaren Whale Rescue op, in organisaasje fan frijwilligers dy't logistike en praktyske stipe jouwe by aksjes om strâne walfisken wer nei iepen see te bringen.
Visser hat ek meiwurke oan ferskate dokumintêres oer swurdwalfisken. De bekendste dêrfan is Orca: Killers I Have Known, fan it Discovery Channel, út 1997. Oare foarbylden binne Call of the Killer Whale, fan Jean-Michel Cousteau foar de Amerikaanske tillefyzjestjoerder PBS, út 2009, en The Woman Who Swims with Killer Whales, fan de BBC, út 2012. Yn 2005 publisearre Visser in autobiografy ûnder de titel Swimming with Orca, dy't in finalist wie yn de kategory natoer fan de Montana New Zealand Book Awards. Ek is se de auteur fan twa berneboeken, I Love Killer Whales (2008) en The Orca (2001). Dat lêste boek is oerset yn it Maöary en it Spaansk.
Fierders jout Visser lêzings oer swurdwalfisken, benammen oan board fan cruiseskippen op reizen nei Antarktika. Hja is lid fan de ôfdieling Australaazje fan The Explorers Club, en hja reizget allegeduerigen de wrâld ôf op 'e siik nei swurdwalfisken. Visser publisearre de earste wittenskiplike stúdzje ea oer swurdwalfisken yn Papoea Nij-Guineä, dêr't se noch geregeldwei weromkeard foar fierder ûndersyk. Yn Nederlân spile se yn 2010 in wichtige rol yn it krewearjen fan 'e Free Morgan Foundation (dat úteinlik om 'e nocht wie) om de swurdwalfisk Morgan, dy't yn it Dolfinarium Hurderwyk bedarre wie, wer útset te krijen yn it wyld. Yn juny 2017 tsjûge Visser foar in kommisje fan de Senaat fan Kanada oangeande in wet dy't it yn dat lân yllegaal meitsje soe om noch walfiskeftigen yn finzenskip te hâlden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.