Ingrid Bergman
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Ingrid Bergman, (Stockholm, 29 augustus 1915 – Londen, 29 augustus 1982) wie in Sweedsk aktrise. Ien fan har ferneamdste rollen wie dy fan Ilsa yn de film Casablanca (1942) mei as tsjinspiler Humphrey Bogart.
Remove ads
Libben
Bergman ferlear op jonge leeftiid har beide âlden en waard troch famyljeleden grutbrocht. Se studearre oan de Keninklike Teäterskoalle yn Stockholm en har earste rol wie yn de Sweedske film Munkbrogreven (1934). Nei njoggen films yn Sweden gie se yn 1938 nei Dútslân, dêr't se in kontrakt tekene mei de UFA foar trije films. Allinne de earste, Die vier Gesellen, waard echt makke. Dêrnei sette se ôf nei de Feriene Steaten, nei alle gedachten foar har man Petter Aron Lindström. Se makke dêr namme troch in rol yn de film Intermezzo (1939).
Yn 1949 bloeide op de set fan Stromboli it kontakt mei Roberto Rossellini op ta in affêre. Trochdat se beide boaske wiene, waard de relaasje, wêrby't se ek swier waard, in skandaal wêrûnder har karriêre hast beswiek. Nei de berte fan harren poppe (Renato), boaske it stel. Bergman waard ek noch mem fan de twilling Isabella Rossellini (aktrise) en Isotta Rossellini.
Yn 1978 spile se yn Ingmar Bergmans Herfstsonate. Se sprúts floeiend meardere talen, wêrûnder Sweedsk, Dútsk, Frânsk, Ingelsk en Italiaansk.
Se ferstoar oan kanker op har jierdei yn 1982 yn de âldens fan 67-jier en waard kremearre yn Sweden.
Remove ads
Filmografy

Remove ads
Prizen

Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
