Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hylkje Goïnga (Drylts, 15 jannewaris 1930 - Snits, 24 maaie 2001) wie in Fryske skriuwster dy't benammen koarte ferhalen skreau.
Hylkje Goïnga waard berne yn in doktershúshâlding yn Drylts. Nei yn Snits it gymnasium folge te hawwen begûn se in stúdzje sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins, wêr't se lykwols nei in jier wer mei ophold. Yn 1953 boaske se mei de skriuwer Anne Wadman, ien fan har eartiidske leraren op it gymnasium. Al op har achttjinde hie Goïnga har earste koarte ferhalen publisearre (yn de Ljouwerter Krante en it literêre tydskrift De Tsjerne) en ek yn har houlik kombinearre se skriuwen mei de soarch foar har trije bern en it húshâlden. Dat gie har flot ôf, want, sa't se sels sei, "ik bin wol maklik yn it húshâlden".
Doe't yn 1958 it kulturele moanneblêd De Strikel fan de grûn kaam, waard Goïnga redaksjelid hjirfan. Se soe dat yn de 37 jier dat dit tydskrift bestie bliuwe, de lêste jierren as einredaktrise. De autobiografysk tinte ferhalen dy't se sels foar De Strikel skreau ûntliende se oan har hûs- tún- en kokenferhaaltsjes, wêrfoar't se de stof ûntliende oan har eigen húshâlding. Se ferskynden yn de rubryk Oan en oer myn man. In oantal fan dizze ferhalen waard yn 1971 bondele yn har debút Jantsje... Ja heit!. It boek waard goed ûntfongen en betsjutte foar Goïnga de trochbrek nei it Fryske lêzerspublyk. Se skreau ûnder it pseudonym Martha, de namme dy't se letter oan de haadpersoan fan har ferhalen joech. Sels sei se hjiroer: "Earst wie it in pseudonym en letter waard ik fansels Martha. De ûntwikkeling fan Martha is ek myn ûntwikkeling, yn it begjin wie it Jaap en Martha, letter wennet Martha op harsels". Goïnga en Anne Wadman gongen yn 1981 út elkoar; se binne nea offisjeel skieden.
Yn 1981 ferskynde Thús is de maggi op, ek in bondel mei ferhalen dy't earder yn De Strikel publisearre wienen. Dêrnei folgen In superman fersûpt net en oare ferhalen (1982), Frijende kikkerts (1986) (in samling ferhalen dy't sa mei inoar gearhingje dat it boek in roman neamd wurde kin), Twa dames yn in Daf (1988) en Hynstefigen (1990). Yn al dizze boeken is de relaasje man-frou it sintrale ûnderwerp. De ferhalen hawwe in feministyske ynslach, mei as kearntema it selssuchtige gedrach fan guon manlju en harren ûntrou. Sels sei se dêroer yn in fraachpetear: "In man driuwt op syn dierlike driften en dat knoeit in frou op den doer. Myn generaasje manlju, alteast in bepaalde kategory, is op 'e rin slein. Gelokkich is dat de lêste tiid wer wat oan it feroarjen, manlju hawwe tsjintwurdich mear ferantwurdlikheidsgefoel." De ferhalen fan Goïnga binne min yn te dielen yn in kategory. Se binne fakentiids komysk, tragysk of beide tagelyk en kenne nochal ris in grouwélige of bizarre draai. Har wurk is dêrtroch wol ferlykber mei dat fan de Britske skriuwer Roald Dahl.
Yn 1990 skreau Goïnga de koarte roman Op stap, it Fryske boekewikegeskink fan dat jier. Twa jier letter publisearre se Nei it park, in intrigearende koarte roman oer in demintearjende frou. Dêrmei lei se nei sa'n tweintich jier it aksint op in oar tema: dat fan de âlder wurdende frou dy't it paad bjuster oan it reitsjen is. De namme fan de haadpersoan fan har ferhalen bleau lykwols deselde: frou Martha. Nettsjinsteande dat sil Goïnga binnen de Fryske literatuer fermoedlik bekend bliuwe as de master fan it psychologyske koarte ferhaal oer relaasjes.
Goïnga wie hast tsjien jier bestjoerslid fan de Tryater. Foar dit toanielselskip skreau se de stikken Frouminske en (tegearre mei Tsjits Peanstra, Baukje Wytsma en Akky van der Veer) Twa froulju. Ek sette se foar Tryater it stik Le lavoir fan Dominique Durvin oer út it Frânsk ta Achter de tobbe. Goïnga hold fan oersetten en hie dêr neffens eigen sizzen wol har berop fan meitsje wold. Ynstee dêrfan wurke se jierrenlang by de Basissûnenstsjinst Súdwesthoeke, wêrfoar't se op legere skoallen yn Fryslân foarljochting joech oer gebitsfersoarging.
De bondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt net en de roman Frijende kikkerts binne troch Goïnga sels yn it Nederlânsk oersetten. Dêrneist waarden ferhalen fan har yn it Nederlânsk publisearre yn de tydskriften Libelle, Margryt, Viva en Intermagazine. Ek yn it feministysk moanneblêd Opzij binne ferhalen fan Goïnga ferskynd.
Hylkje Goïnga is op Himelfeartsdei 2001 op 71-jierrige leeftyd yn Snits ferstoarn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.