Remove ads
Kristlike feestdei From Wikipedia, the free encyclopedia
Himelfeartsdei is in kristlike hjeldei. Op dy dei betinkt it kristendom it lichaamlike opfarren fan Jezus Kristus nei de himel. It is ien fan de hjeldagen fan de kristlike tsjerken oeral yn de wrâld, njonken de Passy, Peaske, Pinkster en Kryst. Himelfeartsdei wurdt tradisjoneel fjirtich dagen nei syn Opstanning fierd, wylst yn guon lannen de fiering dêrfan opskood is nei de folgjende snein.
Yn guon lannen, lykas Belgje, Denemark, Dútslân, Eastenryk, Fanûatû, Finlân, Frankryk, Haïty, Yndoneezje, Yslân, Kolombia, Lychtenstein, Lúksemboarch, Madagaskar, Namybje, Nederlân, Noarwegen, Sweden en Switserlân, is it ek in offisjele feestdei.
Himelfeartsdei wurdt al iuwenlang fierd. Der binne lykwols gjin skreaune boarnen oer bekend fan foar de fyfde iuw, mar de hillige Augustinus miende dat it fan apostoalysk komôf wie, en dat it al fier foar syn tiid troch kristenen fierd waard (hy libbe fan 354 oant 430). Der is lykwols in soad bewiis dat de fiering fan de himelfeart tebek giet op de ein fan de fjirde iuw.
De himelfeart fan Jezus wurdt yn de oarspronklike leauwensbelidenis fan Niseä neamd. Dy belidenis is tige wichtich foar kristenen sûnt er yn 325 opsteld waard. Ek wurdt it barren yn de Apostoalyske leauwensbelidenis neamd. De himelfeart is yn it kristlike leauwe fan krúsjaal belang, dêr't Jezus by lichaamlik yn de himel opnaam waard en oan de rjochterhân fan God de Heit kaam te sitten. Himelfeartsdei is ien fan de wichtichste kristlike hjeldagen.
It kanonike ferhaal fan it opfarren fan Jezus yn de wolken ferskilt lykwols fan de gnostyske tradysje, dy't leaud dat Jezus de lichaamlike wrâld oerwûn hat en thúskaam yn de geastlike wrâld. It ferskilt ek fan it Dosetysk leauwen, dat hawwe wol dat de lea fan Jezus net werklik lichaamlik wie, mar dat it earder like oft it sa wie.
Teologen, dy't de histoaryske Jezus bestudearje, tinke dat de opstanning en himelfeart fan Jezus optocht waarden troch de kristlike mienskip yn de apostoalyske tiid en miene dat dy oerienkomme mei likese ferhalen út oare leauwen wei, sa as bygelyks de Gryksk-Romeinske mytology.
Yn it Westersk kristendom is de earste mooglike Himelfeartsdei op 30 april (sa as yn 1818 en 2285) en de lêste mooglike Himelfeartsdei is op 3 juny (sa as yn 1943 en 2038). Yn guon lannen is Himelfeartsdei ek in offisjele feestdei. Yn de Roomsk-katolike tsjerke is Himelfeartsdei in heechfeest en in ferplichte feestdei. De trije dagen foar Himelfeartsdei wurde wol de krúsdagen neamd, as in saneamde smeekbeaprosesje.
Yn lannen dêr't Himelfeartsdei gjin offisjele feestdei is, hat de Roomsk-katolike tsjerke tastimming fan it Fatikaan krigen om de Himelfeart de folgjende snein, de snein foar Pinkster, te fieren. Dêrtroch is it mooglik foar kristenen wichtige kristlike hjeldagen te fieren.
De Eastersk-otterdokse tsjerke hat in oar tsjerklik jier en fiert Himelfeartsdei ornaris letter as de Westerske tsjerken. Dat komt om't de Easterske tsjerken de datum foar Peaske oars berekkenje. De ierst mooglike Himelfeartsdei is op 13 maaie (neffens de Westerske kalinder) en de lêst mooglike datum is op 16 juny. Guon Easterske tsjerken fiere Himelfeartsdei lykwols op deselde dei as de Westerske tsjerken.
De hjeldei wurdt fierd mei in figylje nachts.
Yn Fryslân is Himelfeartsdei, kreksa as yn de rêst fan Nederlân, in offisjele feestdei. Der wurde dy deis ferskate aktiviteiten holden, lykas de autocross yn Blauhûs (Súdwest-Fryslân)[1].
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.