From Wikipedia, the free encyclopedia
De Huitebuersterbûtenpolder is in bûtendykske polder fan 52 hektare tusken Nije- en Aldemardum. De hege sânkoppen oan de súdkant falle op, krektas de skrale begroeiing. De Bûtenwâlen heare ek ta dit gebiet oan de Sânfeartsdyk besuden Nijemardum dat beheard wurdt troch It Fryske Gea.
Huitebuersterbûtenpolder | ||
Huitebuersterbûtenpolder | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Nijemardum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 52 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Suderseedúntsjes binne hege koppen dy't yn in grutte bocht fan de Iselmar lizze. Guon planten binne noch út de tiid fan de Sudersee en de grûn noch sâlt wie: krolstikel en klaversoarten as mûzeklaver, lytse en lizzende klaver. Troch de ferskraling fan it gebiet soene in soad seldsume planten weromkomme moatte. De streke klaver en seestikel binne troch de Gelderske Isel oanfierd en yn Gaasterlân ta waaksdom komd.
Yn de Huitebuersterbûtenpolder sitte in soad kolguozzen, pauguozzen en winken. Sniefinken en strânljurken hâlde dêr yn lytsere groepkes ta. Yn de hjerst skytskoarje in soad trekfûgels der tsjinoan om it brede wetter nei de Noardeastpolder oer te stekken en dy sitte dan by hûnderten yn de polder. Yn bosk en greide tilt it dan op fan heidehipperts, readwjukken, ljurken en bytiden ek fjildûlen.
Fierders sitte oan de polderrânen in soad flinters en libellen. Ek de foks wurdt dêr wol sjoen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.