Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hillige Roomske Ryk wie in polityk konglomeraat fan lannen yn West- en Sintraal-Jeropa yn de Midsiuwen. It ûntstie út it eastlike part fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun (843). It Ryk bestie hast in millennium, oant it opheft waard yn 1806.
|
Yn de 15e iuw waard de namme útwreide ta Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn). It Ryk waard 'Roomsk' neamd omt it ynsteld waard as fuortsetting fan it Romeinske Ryk. Kristlike profesijen (sjoch it Bibelboek Danjel) hienen foarsein dat de wrâld nei it fjirde ryk (it Romeinske Ryk) fergean soe. De Byzantinen fûnen dit mar ûnsin omdat hja har as de fuortsetting fan it orizjinele Romeinske Ryk beskôgen. De term 'Hillich' waard brûkt om de nauwe bân mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oan te jaan. In bekende wurdboarterij fan Voltaire seit dat it Ryk net Romeinsk, net Hillich en likemin in Ryk wie.
It Hillige Roomske Ryk begûn as it East-Frankyske keninkryk. Op in stuit waard oan de kening fan dit ryk ek de keizerstitel jûn. Hoewol’t dat as in tydlike regeling bedoeld wie, om in akute politike sitewaasje op te lossen, is de keizerstitel ‘hingjen’ bleaun yn it East-Frankyske keninkryk. Yn de begjinperioade stiken de West-Frankyske keningen noch mei nei de keizerstitel, mar sy krigen dat mar in inkele kear. De wichtichste reden hjirfoar wie dat de West-Frankyske keningen fier fuort wennen dat se net krekt op de hichte wienen fan de politike sitewaasje yn it oare keninkryk. Uteinlik hawwe se it opjûn harren te bemuoien mei dat oare keninkryk. Dêrtroch waard it krijen fan de keizerstitel in ynterne oangelegenheid fan it East-Frankyske keninkryk. Sadwaande foelen keninkryk en keizerryk hieltiten mear gear, ûndanks dat it der by de keizer winliken gie om de wrâldske macht as tsjinhinger fan de paus. Yn dizze sitewaasje koe it dan ek wêze dat de wichtichste spilers yn it East-Frankyske keninkryk bepaalden hoe’t de keizer keazen waard en sa koe de titel Hillich Roomske Ryk fan de Dútske Naasjes ûntsteaan.
It Hillige Roomske Ryk hie dus én in kening en in keizer. Dizze hoechden lykwols net deselde persoan te wêzen, mar wienen dat faak wol; in machtich persoan dy't jo ta kening kroanet, kin de keizerstitel net ûntholden wurde. De kening fan it keninkryk waard de Roomsk-kening neamd. Keazen wurde ta kening wie faak it opstapke om keizer te wurden, hoewol’t net alle keningen it ta keizer brochten. Dizze twatrepsraket is altyd bestean bleaun. Soks hat fansels te krijen mei de ûntsteanskiednis fan it keizerskip, mar ek mei de ideology fan it keizerskip. De keizer belichemde in heger ideaal as in kening, nammentlik wrâldhearskippij tsjin in lokale machthawwer, de kening. Loadewyk XIV warskôge syn opfolger yn syn testamint foar dizze ambysjes fan de keizer. Dy wienen fêst ferbûn mei de keizerstitel, oft de keizer yn de praktyk no machtich wie of net. Loadewyk warskôge dus sawat 700 jier neidat de West-Frankyske keningen ophâlden wiene te stykjen nei de keizerstitel, dochs noch efkes syn opfolger.
Yn tsjinstelling oant wat de taheakking "fan de Dútske naasje" suggerearret, wie it Roomske Ryk gjin Dútske naasjesteat yn de moderne betsjutting. Hoewol’t it grutste part fan de ûnderdienen en regearders yn it Ryk fan Dútske komôf wie, bestienen der fan it begjin ôf oan ferskate etnyske fariëteiten binnen it Ryk. In protte fan syn foarneamste eallju en lieders kamen fan bûten it Dútsksprekkende gebiet. Op it hichtepunt fan syn bestean bestie it Ryk út it moderne Dútslân, Eastenryk, Sloveenje, Switserlân, Belgje, Nederlân, Lúksemboarch, Tsjechje en ek út eastlike dielen fan Frankryk, it noarden fan Itaalje en it westen fan it moderne Poalen.
It lân wie lykwols it grutste part fan har bestean net folle mear as in soarte Federaasje. Yn de Midsiuwen gie de macht fan it ryk al gau efterút en ferlear de keizer stadichoan mear macht oan de hartoggen ûnder him. Nei 1250 hie de keizer kwalik noch gesach bûten syn eigen bezittings (de sanaamde "Hausmacht"). Troch de Ynvestituerstriid tusken de keizer en de paus (11e-12e iuw) waard it oansjen fan it Ryk bot ferswakke.
De kroaningen fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan Karel de Grutte yn 800. In takomstich keizer moast earst en foaral kening fan de Dútsers wurde. Dútske keningen waarden al iuwen keazen, yn de 9e iuw troch de lieders fan de fiif wichtichste stammen (de Franken, de Saksen, de Beieren, de Swaben en de Tueringers), letter waarden dizze keningen keazen troch de trije biskoppen, de paltsgreve, en de trije foarnaamste hartoggen. Noch leter kaam der in kolleezje fan karfoarsten yn swang. Dit kolleezje waard offisjeel gearstald yn 1356. Oarspronklik wienen der sân kiesgerjochtigden, mar dit oantal feroare yn de rin fan de iuwen.
Oant 1508 reizge de nij keazen kening nei Rome om him troch de paus ta keizer kroane te litten. Nea koe de keizer autonoom syn ryk bestjoere. Syn macht waard bot beheind troch de ferskillende lokale lieders. Nei de 15e iuw waard de Ryksdei oprjochte as it wetjouwend orgaan fan it Ryk. Dizze Ryksdei wie in fergaderjend orgaan dat op ferskate lokaasjes by inoar kaam. Pas nei 1663 soe de Ryksdei in permanint orgaan wurde en waard er fêst yn Regensburg fêstige ("Immerwährender Reichstag").
In dielsteat waard oansjoen as Reichsstand (Rykssteat of Ryksstende) wannear’t it gjin oare autoriteiten boppe him hie as de Keizer. Dizze steaten wienen:
Der wiene in hiel soad fan sokke gebieten. Doe’t de Frede fan Münster tekene waard, bestie it ryk út hûnderten dielsteaten, wêrfan’t der guon net grutter wiene as inkele fjouwerkante kilometers. Oaren hienen gjin grûngebiet; it wienen stiften of, sa’t oan’e ein fan it bestean fan it Ryk wol barde, foarsten dy’t gjin eigen grûngebiet hienen, mar wol lid wienen fan de Ryksdei. Foar it tal Rykssteaten fan 1792, sjoch de List fan de leden fan de Ryksdei (1792).
De Ryksdei wie it wetjouwend orgaan fan it Hillige Roomske Ryk. It wie ferdield yn trije ferskillende kolleezjes:
It Ryk hie ek twa Rjochtbanken: de Reichshofrat, oan it hof fan de kening yn Wenen, en nei de Keizerlike Herfoarming fan 1495 ek it Reichskammergericht. It Ryk hie ek in lyts en swak eigen leger en der wienen sels " Rijksfestingen " dy’t op kosten fan it Ryk bemand waarden.
It Hillige Roomske Ryk waard yn 962 stiften troch Otto I. Oaren fine lykwols dat it Ryk stiften waard doe’t Karel de Grutte ta earste (Westerske) Keizer kroane waard yn 800 sûnt it ôftankjen fan Romulus Augustulus yn 476. Karel neamde himsels meastentiids de Kening fan de Franken. Dit Frankyske Ryk omfiemde it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân en Noard- Itaalje. Karel waard opfolge troch syn ienichst oerbleaune soan, dy’t ek de keizerstitel krige, Loadewyk de Fromme sadat it Ryk noch feriene bleau. Doe’t dizze stoar, hie hy lykwols trije soannen dy’t nei Frankysk Rjocht oanspraak makken op in diel fan it ryk. In soad skiedkundigen sjogge de stifting fan it Ryk dan ek as de ein fan in proses dat begûn by dizze definitive splitsing fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Verdun yn 843. Yn it earstoan waard it ryk yn trije stikken ferdield: in westlik, in midden- en in eastlik Ryk. De Karolingyske dynasty waard ek opsplitst. It middenryk gie nei de âldste soan Lotarius dy’t boppedat de keizerstitel krige. It waard nei syn dea yn 855 ferdield ûnder syn trije soannen mar al gau waarden dizze fersnippere gebieten ferdield tusken it sterkere East-Frankyske en West-Frankyske Ryk. It eastlike diel waard besit fan Karloman fan Beieren dy’t ek de keizerstitel oernaam. Karloman waard opfolge troch in stik of wat Karolingers, oant de dea fan Loadewyk it Bern, dy’t de lêste eastlike Karolinger wie.
De lieders fan Swaben, Beieren, Frankenlân en Saksen keazen hjirop Koenraad I fan Frankenlân ta kening yn 911. Syn opfolger, Hindrik de Fûgelder, waard oanfurdige troch it West-Frankyske Ryk yn 911, en neamde him rex Francorum orientalum (kening fan de Eastlike Franken).
Hendrik stelde syn soan Otto oan as opfolger, dy’t yn 936 keazen waard yn Aken. Syn lettere kroaning as Keizer Otto I yn 962 betsjutte it offisjele begjin fan it Hillige Roomske Ryk.
Doe’t Hendrik II fan it Hillige Roomske Ryk yn 1024 sûnder opfolgers ferstoar waard Koenraad II fan it Hillige Roomske Ryk as kening keazen. Hy wie de earste fan de Saaljers.
It Ryk stoarte hast yninoar yn de Ynvestituerstriid, doe’t paus Gregorius VII kening Hendrik IV fan it Hillige Roomske Ryk yn de ban die. Hoewol’t dizze beslissing ûngedaan makke waard nei de Tocht nei Canossa yn 1080, wienen de mytyske eigenskippen fan it Ryk oantaasten, de Dútske kening wie djip fernedere. Wichtiger wie noch de komst fan de tsjerke as ûnôfhinklike faktor yn it politike systeem fan it Ryk.
Koenraad III waard yn 1138 keazen ta earste keizer fan de Hohenstaufen-dynasty. Freark I Barbarossa neamde as earste it Ryk 'Hillich'.
Barbarossa koe syn lân ek fierder ferienje troch de ferskate pleatslike hartoggen te ferbieden om harren ûnderlinge feten út te fjochtsjen. Nije stêden waarden stifte, troch de keizer en troch pleatslike hartoggen. Dit barde benammen om de grutte befolkingseksploazje op te fangen, mar ek om de ekonomyske krêft fan it ryk op strategyske plakken te konsintrearjen. Foarbylden fan sokke stêden binne Freiburg en München.
De regearperioade fan de lêste Hohenstaufer Freark II wie yn in soad opsichten oars as dy fan eardere keizers. Hy waard yn 1220 kroane, en riskearre in konflikt mei de paus doe’t hy de macht oer Rome opeaske. Hy koe lykwols wol Jeruzalem feroverje yn in Krústocht fan 1228 wylst hy noch altyd yn’e ban wie.
Nei de dea fan Freark II yn 1250 koe net ien fan de dynastyen in weardige kening foarstelle, en de liedende hartoggen stelden sels inkele keningen foar. De perioade tusken 1246, wannear’t Hindrik Raspe en Willem II fan Hollân ta kening keazen waarden, oant 1273, wannear’t Rudolf I fan Habsburg as kening keazen waard, stiet bekend as it Ynterregnum.
Rudolf en syn opfolgers seagen it Ryk hieltyd mear útinoar fallen. Yn de 15e iuw feroaren de dielsteaten harsels yn foargongers fan moderne steaten. It proses wie yn elke steat oars, en gie hurder yn gebieten dy’t sawat lyk wienen as de lannen fan de âldere Germaanske stammen, lykas Beieren.
Skiednis fan Dútslân |
Germaanske Aldheid |
De grûnwet fan it Ryk wie foar it meastepart noch net fêstlein oan it begjin fan de 15e iuw. Hoewol’t inkele prosedueres en ynstellings fêst leinen, hongen de mooglikheden fan de hartoggen om harren ûnôfhinklik te gedragen yn it Ryk foaral ôf fan de persoanlikheid fan de respektivelike kening. Wannear’t bygelyks dan ek Freark III, dy’t foar uit grutste part binnen syn kroandomein bleaun, de âlde kearnlannen ferwaarleaze, foel it âlde regearingsorgaan, de Hoftag, útinoar. De Ryksdei bestie doe noch net, wêrtroch’t it ryk ûnbestjoerber waard. Uteinlik ûntstienen der sels ynterne oarloggen.
Op itselde momint ûndergie de tsjerke ek in krisis. It konflikt tusken ferskillende pausen waard pas oplost yn 1418, en nei 1419 waard in soad enerzjy stutsen yn it befjochtsjen fan de "ketterij" fan oarstinkenden. It Midsiuwske idee fan in feriene Corpus christianum, mei de paus oan it haad, begûn útinoar te fallen.
Troch dizze drastyske feroarings gienen dan ek stimmen op om de struktuer fan it Ryk te feroarjen. Regels út in fier ferline wiene net mear relevant, en in fersterking fan it sintralisearre besjoer waard needsaaklik achte.
Wannear’t Freark III de hartoggen nedich hie om syn oarloch tsjin Hongarije te beteljen yn 1486 en syn soan, de lettere Maximiliaan I, ta kening keazen waard, easken de hartoggen in gearkomst. Foar de earste kear waard de gearkomst fan kieshartoggen en oaren de Ryksdei neamd. Hoewol’t Freark wegere dit nije orgaan by inoar te roppen, gie syn soan nei de dea fan syn heit akkoard. Yn Worms waard de Reichstag foar it earst by inoar roppen yn 1495. Hjir waard de Ryksherfoarming goedkard, wêrtroch’t it Ryk wer wat struktuer krige soe.
It soe lykwols in pear desennia duorje eardat de nije regels goedkard wiene. Pas yn 1512 kaam it safier, troch it byinoar bringen fan tsien lannen binnen it Ryk yn in nije organisaasjestruktuer, de kreitsen. Yn itselde jier krige it Hillige Roomske Ryk ek in nije namme: it Heiliges Römisches Reich deutscher Nation ("Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje") .
Yn 1559 waard mei it Ferdrach fan Cateau-Cambrésis tusken de keningen fan Ingelân, Frankryk en Spanje de westgrins fan it ryk ferlein fan de Skelde nei it suden ta. De Skelde hie mear as 600 jier de westgrins west. Foar Filips II dy’t binnen it gebiet fan de Nederlannen sa goed as alles besiet bettsjutte dit dat hy tenei yn in diel fan syn gebieten net mear as fazal fan de Frânske kening sjoen waard.
Wannear’t Marten Luther yn 1517 de Reformaasje begjint, seagen in soad pleatslike hartoggen in kâns om de Keizer noch mear macht te ûntnimmen. Nei inkele desennia fan oarloch en alteraasje besleat de Ryksdei fan Augsburg op 25 septimber 1555 ta in Godstsjinstfrede. Tenei soe de lânheare bepale hokker religy syn ûnderdienen oanhingje soene.
Dêrmei wie de leauwenskwestje mar tydlik regele. De mear as in iuw duorjende machtsstriid tusken de hartoggen en de Keizer wie ien fan de faktoaren dy’t laten ta de Tritichjierrige Oarloch (1618-1648), dêr’t it grutste part fan Jeropa by belutsen rekke.
De ein fan it Ryk hie mear as ien oarsaak. Nei de Frede fan Münster yn 1648, dy’t de gebieten hast folsleine ûnôfhinklikheid joech, wie it Ryk net mear as in gearswylsel fan ferskillende steaten. Voltaire neamde it Ryk yn dit stadium dan ek noch Hillich, noch Romeinsk, noch in Ryk. Yn 1648 waard de ûnôfhinklikheid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en de Switserske Federaasje offisjeel befêstige. Al wienen al in iuw earder (1548) mei de stifting fan de Boergondyske Kreis de Nederlannen so goed as los fan it Ryk te stean komd. Se wienen net mear ûnderhearich oan de Dútske lândei en hienen harren eigen Steaten-Generaal en betelllen inkeld mar in beskieden jierjild oan de persoan fan de keizer dy’t dêrfoar de [ûndúdlike) ûnthjitting die de Nederlannen te beskermjen. Keizer Karel V koe dat maklik dwaan omt hy persoanlik de Nederlannen yn besit hie.
It Ryk waard offisjeel ûntbûn op 6 augustus 1806, doe’t de lêste Keizer, Frans II, ôftrêde neidat syn Ryk ferslein wie troch Napoleon Bonaparte. Frans II wie al sûnt 1804 ek Frans I fan it nije Keizerryk Eastenryk. Leden fan syn skaai soene oant 1918 keizer fan Eastenryk bliuwe.
De keizers waarden altyd kroane. Dat barde earst yn Aken en letter yn Frankfurt. De dêrfoar nedige kroaon, septer, ryksappel, klaaiïnge en psalter (gebetsboek) waarden yn Neurenberg bewarre. It Ryk hie in oantal pommeranten mei klinkende titels lykas "Rykskeamerhear", "Ryksskatmaster", "Rykserfmaarskalk", Rykskanselier foar Itaalje, Ryksopperstâlmaster en soks mear. Net ien fan dizze funksjes joech echte macht.
Karel de Grutte settte in earn yn it hof fan syn palts yn Aken. Earnen, symboalen fan krêft en macht wienen al by de Goaten dierbere tekens fan hearskippij. Under de Ottoanendynasty wurdt men him mear bewust fan de Romeinske tradysje fan de earn. Konrad II set in earn op syn septer. In de tiid dat de heraldyk ûntstiet, sjocht men in earn fan goud of swart, en mei ien kop al gau as it wapendier fan it ryk. Under Hindrik VI sjogge we foar it earst in swarte earn op in skyld. Mar foarm en skyld lizze noch lang net fêst.
Troch de iuwen feroare de foarm sterk; Keizer Sigismund lit om 1430 hinne in dûbelkoppige swarte earn mei nimbussen op syn skyld sette.
Dizze earn bliuwt fan 1434 oant 1806 sa’n bytsje itselde. De heraldyske tekenders dogge der bytiden kroanen, swurd, septer, ryksappel en in skyld fan de hearsker op’e boarst fan de earn by.
De wapens mei earn fan it Keizerryk Eastenryk, It twadde Ryk, De Weimarder republyk, Hitler-Dútslân en de Bûnsrepubliken Dútslân en Eastenryk binne allegear fuortsettings fan dizze iuwenâlde heraldyske tradysje. De saneamde "DDR" bruts mei de tradysje en keas in nij wapen yn de sosjalistyske heraldyk, dus sûnder earn. Sûnt 1950 liket de earn fan de Bûnsrepublyk wer tige op dy fan de Hohenstaufen út de 12e iuw. Doe’t de Bûnsdei yn 1990 nei Berlijn ferhuze debatearre dit parlemint oer de foarm fan de earn. Moast it in “fette hin”, spotnamme foar de freonliker útsjende grouwe earn bliuwe, of keas men de âlde, agressyf eagjende meagere earn? De Bûnsdei keas in earn dy’t sa freedsum wie at in grutte rôffûgel mar wêze kin...
Nei de ideeën fan Arthur Moeller fan den Bruck neamden de nazisten it Hillige Roomske Ryk letter it Earste Ryk. It Dútske Keizerryk wie dan it Twadde Ryk en harren eigen ryk it Tredde Ryk. Oer it generaal wurdt lykwols it Romeinske Ryk as it Eearste Ryk beskôge, wêrby’t it Hillige Roomske Ryk as Twadde Ryk oantsjutten wurdt, en dêrnei it Tredde Ryk fan Hitler.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.