From Wikipedia, the free encyclopedia
Henry Alfred Kissinger (Fürth (Dútslân), 27 maaie 1923 - Kent (Konettikut), 29 novimber 2023) wie in Amerikaansk diplomaat en politikus fan Joadsk komôf. Hy jildt as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei de Sowjetuny en Sina.
Hy waard berne as Heinz Alfred Kissinger. Yn 1938, op de flecht troch Adolf Hitlers ferfolging fan de Joaden, ferfear syn famylje út Dútslân wei nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr bestjoerder.
Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan de Universiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin oannimlik militêr optreden mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten as Demokraat, letter as Republikein.
Henry Kissinger waard yn 1968 spesjaal adviseur fan presidint Nixon op it mêd fan de nasjonale feiligens. Hy ûntfong tegearre mei Le Duc Tho de Nobelpriis foar de Frede foar syn ynset by it ôfsluten fan fredesbestân yn de Fjetnamkriich.
Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, in funksje dy't hy oant 1977 útoefenje soe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.