Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hendrik Botes Comter (Skiermûntseach, 1818 - dêre, 20 septimber 1849) wie in Frysk dichter dy't yn it Skiermûntseagersk skreau.
Comter makke as kaptein in soad reizen nei de tropen en wie sa'n tweintich jier de dichter fan Skiermûntseach. Der is in list fan syn gedichten dy't 134 titels telt. Njoggen yn it dialekt fan Skiermûntseach.
Doe't jhr. M. de Haan Hettema en Ds.R. Posthumus fan Waaksens it eilân besochten yn 1849, joech de kommys de Haan harren in manuskript fan it fers 'Op het Neije Jiear' fan de krekt ferstoarne dichter. It waard pleatst yn de Provinciale Friesche Courant fan 25 novimber 1849. Neffens Wumkes is der in hânskrift fan Comter yn de Provinsjale Bibleteek te Ljouwert.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.