From Wikipedia, the free encyclopedia
Hendrika David (Rotterdam, 13 febrewaris 1888 – Naarden, 14 febrewaris 1975) wie in Nederlânsk fariétéartyste dy't fan 1907 ôf oant har ferstjerren ûnder de namme Henriëtte Davids karriêre makke as sjongster en behindich grapmakster. Sy wie it meast bekend ûnder de namme Heintje Davids.
Heintje Davids | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Heintje Davids yn 1969 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrika David | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 febrewaris 1888 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 14 febrewaris 1975 | |
stjerplak | Naarden | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjongster, fariétéartyste | |
medium | teäter, film, telefyzje | |
jierren aktyf | 1907-1975 | |
offisjele webside | ||
(in) Heintje Davids yn de IMDb |
By har meast bekende lietsjes binne: Zandvoort aan de Zee, Draaien en Omdat ik zoveel van je hou (in duet mei Sylvain Poons.)
Nei har offisjele ôfskied yn 1954 makke Heintje Davids al rillegau har comeback. Oant fier yn de jierren sechtich bleau hja optreden, mar kundige ek regelmjittich oan dat in optreden wier de lêste kear wie. Op 'en doer waard it ferskynsel fan hieltyd wer ôfskied nimme en dan dochs wer weromkomme it heintjedavidseffekt [1] neamd.
Yn 1914 troude Heintje Davids mei de sjoernalist/teatertekstskriuwer Philip Pinkhof.
Yn Sutfen is yn de wenwyk Leesten in plein nei har neamd: Heintje Davidsplein.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.