From Wikipedia, the free encyclopedia
Hartman Hoekstra (Aldeboarn, 14 oktober 1926 – Aldehaske, 7 septimber 2007) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Hy folge de hbs en helle dêrnei syn ûnderwizersakte. Hy waard skoalhaad yn Ooltgensplaat op Goeree-Oerflakkee dêr't er de wettersneedramp fan 1953 meimakke. Dêrnei waard er yn Bussum direkteur fan in skoallemienskip.
Mids 1964 gie er werom nei Fryslân, om't er, doe noch partijleas, beneamd waard ta boargemaster fan Menameradiel. Yn oktober 1972 folge syn beneaming as boargemaster fan Heiloo en fan desimber 1978 ôf oan wie Hoekstra de boargemaster fan Zoetermeer. Yn maaie 1988 gie er mei betiid pinsjoen en festige er him wer yn Fryslân.
Hoekstra stoar yn Aldehaske yn de âldens fan 80 jier.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.