Sineeske karakters (tradisjoneel Sineesk: 漢字; ferienfâldige Sineesk: 汉字; pinyin-transliteraasje: hànzì; útspr.: [xanʦɻ̩], likernôch: "chantsuh"; betsjutting: "Han-karakters") binne in skrift besteande út logogrammen, dat ûntwikkele is foar it fêstlizzen fan skreaun Sineesk. Dêrnjonken is it oanpast oan it skriuwen fan ferskate oare Aziatyske talen. Sa foarmje Sineeske karakters ûnder de namme kanji noch altyd in krúsjaal ûnderdiel fan it skriuwsysteem fan it Japansk en de Rjûkjûaanske talen, wylst se ûnder de namme hanja út en troch ek noch brûkt wurde foar it skriuwen fan it Koreaansk. Ek wurde se (ûnder de namme sawndip) brûkt foar it skriuwen fan it Sjûang, in grutte minderheidstaal út súdlik Sina, en foarhinne wiene se ûnder de namme chữ nôm ek yn gebrûk foar it skriuwen fan it Fjetnameesk.
Fan oarsprong wiene Sineeske karakters in byldskrift, ferlykber mei de Egyptyske hieroglifen, hoewol't dat foar de moderne Sineeske karakters net mear hielendal opgiet. Sineeske karakters foarmje it âldste, oan ien wei troch yn gebrûk bleaune skrift fan 'e wrâld. Der besteane tsjintwurdich twa foarmen fan: tradisjoneel Sineesk (yn gebrûk yn Taiwan, Hongkong en Makau) en ferienfâldige Sineesk (yn gebrûk yn Sina, Singapoer en Maleizje). Troch histoaryske fersprieding oer de hiele Sinosfear (it gebiet fan ynfloed fan Sina), dy't laat hat ta it wiidfersprate hjoeddeistige gebrûk fan it skrift, binne Sineeske karakters op 't heden ien fan 'e meast brûkte skriften fan 'e wrâld.
Skiednis
Prehistoaryske oarsprong
Neffens de mytology soene Sineeske karakters útfûn wêze troch Cangjie, in amtner dy't tsjinne ûnder de legindaryske Giele Keizer, dy't libbe hawwe soe yn 'e 27e iuw f.Kr. De ierste tekens dy't ynterpretearre wurde kinne as Sineeske karakters binne ûntdutsen op argeologyske fynplakken dy't datearje út it Neolitikum. De âldsten binne Jiahu, út likernôch 6500 f.Kr., Dadiwan en Damaidi, út it sechsde milennium f.Kr. en Banpo út it fyfde milennium f.Kr. Dêrmei is it begjin fan 'e ûntwikkeling fan Sineeske karakters tûzenen jierren tebekskood. Om't de oangeande ynskripsjes lykwols elts mar út ien teken besteane, gjin kontekst hawwe en rûch en ienfâldich makke binne, konkludearre saakkundige Qiu Xingui lykwols dat der (noch) gjin wittenskiplike grûnslach bestiet om te konkludearjen dat út dizze tekens de hjoeddeiske Sineeske karakters fuortkommen binne. Wol toane se ûndûbelsinnich oan dat al yn it sânde milennium f.Kr. yn it streamgebiet fan 'e Giele Rivier sprake wie fan it gebrûk fan skreaune tekens.
It ierste rûnom akseptearre foarkommen fan it Sineeske skrift is in gearhingjende groep ynskripsjes ynkurven op orakelbonkjes dy't datearje út 'e lette Shang-dynasty (1250-1050 f.Kr.). Sokke bonkjes waarden yn 1899 ferkocht as "drakebonken", doe't taalkundigen de symboalen identifisearren as foarrinners fan hjoeddeistige Sineeske karakters. Tsjin 1928 wie dúdlik wurden dat de bonkjes ôfkomstich wiene út in doarp by Anyang, yn 'e provinsje Henan, dêr't de Academia Sinica tusken 1928 en 1937 argeologyske opgravings ferrjochte. Dêrby waarden mear as 150.000 soartgelikense bonkefragminten opdobbe.
De ynskripsjes op 'e orakelbonkjes binne it resultaat fan divinaasjes dy't útfierd waarden om yn kontakt te kommen mei de foarâlderlike keizerlike geasten. De Shang-keizer befrege syn foarâlden oer ûnderwerpen dy't ferbân holden mei û.m. it keizershûs, militêre súksessen, de foarsizzing fan it waar en rituële offers troch skapulimânsje (it lêzen fan 'e barsten dy't ûntstiene yn ferhjitte bistebonken), en de antwurden op dy fragen waarden op 'e bonken sels fêstlein. De koartsten fan dizze ynskripsjes besteane út mar inkele karakters, wylst de langsten wol tritich oant fjirtich karakters telle. Dit saneamde orakelbonkjeskrift wie yn dy tiid al in goed ûntwikkele skriuwsysteem, wat suggerearret dat it teminsten oant it lette twadde milennium f.Kr. weromgiet. Hoewol't de teksten op 'e orakelbonkjes as iennichsten oerlevere binne, miene saakkundigen dat it skrift ek foar in grut tal oare skriuwdoelen brûkt waard, mar dat sokke ynskripsjes ferlern gien binne om't se wierskynlik yn hout en bamboe ynkurven waarden.
Untwikkeling
It tradisjonele byld dat lange tiid bestie fan 'e skiednis fan 'e Sineeske karakters wie dat fan in hiele rige ferskillende skriften, wêrfan't elts hommels útfûn waard om it foargeande daliks folslein te ferfangen. Argeologyske fynsten út 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw hawwe lykwols útwiisd dat dat byld net woartele is yn 'e wurklikheid. Yn it echt wie der nammentlik in stadige ûntwikkeling fan 'e iene skriftfoarm út 'e oare, wêrby't twa of mear skriftfoarmen soms langere tiid njonken inoar bestiene en brûkt waarden. Sels al ûnder de Shang-dynasty wie njonken it orakelbonkjeskrift in yngewikkelder skriftfoarm yn gebrûk dy't oerlevere is yn ynskripsjes op brûns. Dêrút kin ôflaat wurde dat de Sineeske karakters har sûnder ûnderbrekking stadichoan ûntjoegen fan 'e Shang-dynasty (1600-1046 f.Kr.) oant de iere Eastlike Zhou-dynasty (770-256 f.Kr.), doe't se de foarm berikten dy't no bekend stiet as it segelskrift. Underwilens ûntwikkelen har ek oare skriften, wêrûnder regionale foarmen fan it segelskrift, lykas it gǔwén ("âlde foarm"), dat ûnder it Tiidrek fan de Oarlogjende Steaten (476-221 f.Kr.) ûntstie yn eastlik Sina, en dekorative foarmen lykas it fûgel-wjirmsegelskrift.
Under de Qin-dynasty (221-207 f.Kr.) waard it segelskrift standerdisearre en foar formele doelen ynfierd yn hiel Sina, wat letter late ta it misferstân dat it doe pas útfûn wêze soe. Yn 'e foarm fan it lytse segelskrift waard it noch altyd rûnom brûkt foar it gravearjen fan segels yn 'e lette Han-dynasty, dy't yn 220 (n.Kr.) einige. Mar nettsjinsteande de standerdisaasje ûnder de Qin bleaune ek doe ferskate oare skriftfoarmen yn omgong. Sa wie der in obskuer, rjochthoekich en rûch útfierd skrift foar fulgêr gebrûk (d.w.s. troch it sljochtwei folk), dat teminsten al sûnt de Zhou bestien hie. Tsjin it Tiidrek fan 'e Oarlogjende Steaten hie him dêrút, mei ynfloed fan it segelskrift, in healwoeksen foarm fan it klerikaal skrift ûntjûn, dy't troch saakkundigen oantsjut wurdt as 'ier klerikaal' of 'proto-klerikaal'. It bestean fan dy trije skriften njonkeninoar: segelskrift, dat him ûntjoech ta it lytse segelskrift, fulgêr skrift en proto-klerikaal skrift dat him ûntwikkele ta klerikaal skrift, stiet heaks op 'e tradisjonele oanname dat der ûnder de Qin-dynasty mar ien skrift bestie en dat it klerikaal skrift ynienen útfûn waard yn 'e iere Han-dynasty.
It proto-klerikaal skrift berikte syn úteinlike foarm as klerikaal skrift ûnder it regear fan keizer Wu fan Han, dy't op 'e troan siet fan 141 f.Kr. oant 87 f.Kr.. It ûntjoech him dêrnei ta de dominante skriftfoarm yn hiel Sina. Om 'e midden fan 'e Han-perioade hinne ûntstie út it klerikaal skrift in ferienfâldige en makliker te lêzen skriftfoarm dy't bekend stiet as neo-klerikaal skrift. Tsjin 'e ein fan 'e Han-dynasty, oan it begjin fan it earste milennium, wie dat de skriftfoarm wurden foar aldendeisk gebrûk, hoewol't it formelere klerikaal skrift yn eare holden waard foar seremoniële doelen. It neo-klerikaal skrift kin sjoen wurde as in oergongsfoarm fan it klerikaal skrift nei it regulier skrift, en it behold syn dominante posysje oant yn 'e Jin-dynasty (265-420).
It regulier skrift, dat neitiid de posysje fan it neo-klerikale skrift oernaam, soe neffens de oerlevering útfûn wêze troch Zhong Yao, in amtner dy't libbe hawwe moat yn 'e Eastlike Han-perioade, yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw en de earste helte fan 'e trêde iuw. Hoewol't hy gauris de "Heit fan it Regulier Skrift" neamd wurdt, hawwe guon moderne saakkundigen oppenearre dat ien persoan allinnich net in nije skriftfoarm betocht hawwe kin dy't oeral yn Sina oernommen waard. It liket dan ek wierskynliker dat Zhong in wichtige bydrage levere hat oan 'e stadige ûntjouwing oer in langere perioade fan it regulier skrift.
Regulier skrift is yn prinsipe de hjoeddeistige foarm fan 'e Sineeske karakters. De ierst oerlevere teksten yn dy skriftfoarm binne kopyen fan 'e wurken fan Zhong sels. It regulier skrift ûntwikkele him út in kibich skreaune foarm fan ier semy-kursyf skrift, dat sels wer út in kursive foarm fan neo-klerikaal skrift fuortkaam. Under de Eastlike Jin-dynasty waard regulier skrift fierder ûntwikkele troch de oanpassings yn skriuwwize fan 'e 'Wize Man fan 'e Kalligrafy' Wang Xizhi en dy syn soan Wang Xianzhi. It waard yn dy snuorje lykwols noch net folle brûkt, mei't de measte skriuwers noch altyd yn neo-klerikaal skrift skreaune. Pas yn it tiidrek fan 'e Noardlike en Súdlike Dynastyen (420-589) naam it regulier skrift de dominante posysje yn Sina oer. Stilistysk berikte it lykwols earst syn folle waaksdom ûnder de iere Tang-dynasty (618-907), mei it wurk fan 'e kalligraaf Ouyang Xun (557-641).
Ferienfâldiging yn 'e moderne tiid
Yn 'e moderne tiid waard ferskate kearen besocht om 'e yngewikkelde skriuwwize fan 'e Sineeske karakters te ferienfâldigjen. Ien fan 'e earste taalkundigen dy't dêrta it foartou naam, wie Lufei Kui, dy't yn 1909 bepleite om ferienfâldige karakters yn te fieren foar gebrûk yn it ûnderwiis. Yn 'e snuorje nei de Fjouwer-Maaiebeweging fan 1919 waard op alderhanne manearen besocht om Sina te modernisearjen. Yn 'e 1930-er jierren en de 1940-er jierren waard binnen it Guomintang-regear fan 'e Republyk Sina oanhâldend diskusjearre oer karakterferienfâldiging as metoade om analfabetisme yn Sina te bestriden. Nei't de kommunisten yn 1949 de Sineeske Boargeroarloch wûn en de Folksrepublyk Sina oprjochte hiene, liet it regear fan dy nije steat yn twa weagen, yn 1956 en yn 1964, in karakterferienfâldiging trochfiere, dy't basearre wie op trije feroarings:
- fermindering fan it tal streekjes yn ien karakter;
- ferwidering fan in tal oerstallige karakters út 'e skriuwtaal;
- ferfanging fan ferskate besibbe yngewikkelde karakters troch ien ienfâldich karakter.
Troch dizze karakterferienfâldiging ûntstiene twa stelsels fan Sineeske karakters njonkeninoar: tradisjoneel Sineesk en ferienfâldige Sineesk. In diel fan 'e karakters fan dy beide systemen is itselde, mei't it lang net yn alle gefallen nedich achte waard om oer te gean ta ferienfâldiging. Hjoed de dei wurdt ferienfâldige Sineesk brûkt yn 'e Folksrepublyk Sina, Singapoer en Maleizje, wylst tradisjoneel Sineesk noch altyd yn eare holden wurdt yn Taiwan, Hongkong en Makau, yn beheinde mjitte yn Súd-Koreä, en mank de Sineeske mienskippen om utens (útsein dy yn Singapoer en Maleizje).
Fersprieding nei oare lannen
De Sineeske karakters ferspraten harren tagelyk mei it boedisme nei Koreä, yn 'e perioade fan 'e twadde iuw f.Kr. oant de fyfde iuw (n.Kr.). De oanpaste foarm fan 'e Sineeske karakters dy't foarhinne yn Koreä yn gebrûk wiene en út en troch noch brûkt wurde, hjitte hanja. Fan 'e fyfde iuw ôf waarden Sineeske karakters ek oanpast foar it skriuwen fan Japansk en de Rjûkjûaanske talen fan 'e Rjûkjû-eilannen, yn in skriftfoarm dy't kanji hjit. En fan 111 f.Kr. ôf waarden Sineeske karakters ûnder in milennium fan Sineeske oerhearsking ek ynfierd yn Fjetnam. Sa ûntstie dêr omtrint de trettjinde iuw in oanpaste skriftfoarm dy't chữ nôm hjit. Tsjintwurdich is behalven Sina en Taiwan Japan it iennichste lân dêr't Sineeske karakters noch yn algemien gebrûk binne, mei't chữ nôm yn Fjetnam ûnder de koloniale Frânske oerhearsking yn 'e iere tweintichste iuw ferfongen is troch in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet, wylst yn Koreä it hanja, ek yn 'e tweintichste iuw, ferfongen is troch in lânseigen skriftfoarm, it hangul. Troch ferienfâldigings yn 'e skriuwwize fan 'e karakters dy't trochfierd binne yn sawol Sina as Japan, wike de moderne Japanske kanji-karakters faak ôf fan 'e karakters dy't no yn Sina brûkt wurde.
Eigenskippen fan Sineeske karakters
Fan oarsprong foarmje Sineeske karakters in byldskrift of logografysk skrift, hoewol't dat foar de moderne karakters net mear hielendal opgiet. In goed foarbyld fan in suver byldskrift wurdt foarme troch de Egyptyske hieroglifen. Sa'n soarte skrift, dat gebrûk makket fan piktogrammen, ideogrammen en logogrammen, neamt men ek wol in proto-skrift. Yn syn suvere foarm ûntbrekt by sa'n skrift noch it fermogen om 'e tinzen en ideeën efter spraak en taal folslein yn skriftlike foarm wer te jaan.
It foardiel fan in byldskrift is dat elts logogram in hiel wurd omfiemet, mei as gefolch dat de skriuwwize los stiet fan 'e útspraak, sadat deselde karakters brûkt wurde kinne foar deselde wurden yn lykfol hokker taal. Yn Sina wurde ferskate taalfarianten sprutsen dy't ornaris foar 'dialekten' fan it Sineesk trochgeane (lykas it Mandarynsk en it Kantoneesk), mar dy't ûnderling folslein ûnfersteanber binne en har foarinoer ferhâlde lykas it Nederlânsk en it Dútsk of it Italjaansk en it Spaansk. Dochs kinne se itselde skrift brûke, mei't de betsjutting fan 'e karakters neat mei de útspraak fan dy betsjutting te krijen hat. Itselde jildt foar it gebrûk fan Sineeske karakters yn talen as it Japansk en it Koreaansk, dêr't de karakters soms foar lienwurden út it Sineesk mei in ornaris ferbastere útspraak steane, mar likegoed lânseigen wurden yn dy talen fertsjintwurdigje kinne mei in folslein oare útspraak.
Om it oars út te lizzen: men kin ek stelle dat Sineeske karakters fan alfabetyske skriften ferskille trochdat de karakters gjin letters binne en gjin yntrinsike fonetyske wearde hawwe. Elts Sineesk karakter stiet yn prinsipe foar in beskaat wurdlid dat ek in morfeem is. Op dy regel binne in pear útsûnderlings, lykas twa wurdliddige morfemen (skreaun mei twa karakters), bimorfemyske wurdlidden (skreaun mei twa karakters) en seldsume gefallen dêr't ien inkeld karakter foar in mearwurdliddich wurd stiet. Yn it Aldsineesk, dêr't ek it Klassyk Sineesk ta rekkene wurdt, bestiene de measte wurden út mar ien wurdlid, dat skreaun waard mei ien karakter. Yn modern Sineesk bestiet it meastepart fan 'e wurden lykwols út twa of mear wurdlidden, dy't dus skreaun wurde mei twa of mear karakters. Yn it moderne Sineesk komme in protte homofoanen foar, wêrby't in wurdlid dat itselde klinkt ôfhinklik fan 'e betsjutting skreaun wurdt mei in oar karakter. Ien inkeld karakter kin ek ferskate betsjuttings en dus útspraken hawwe.
Sineeske karakters wurde ornaris yndield yn 5 ûnderskate kategoryen:
- ideogrammen, dy't in idee werjouwe, lykas 下 ("ûnder") en 上 ("boppe");
- piktogrammen, dy't in byld werjouwe, lykas 月 ("moanne", d.w.s. byplaneet fan 'e Ierde) en 日 ("sinne");
- gearstalde piktogrammen, lykas 日+月 = 明 ("helder");
- fonogrammen, dy't in betsjutting werjouwe troch de kombinaasje fan in beskate radikaal (in grûnelemint) en in fonetysk diel, lykas 女 (de radikaal "frou") + 马 (fonetysk elemint ma, dat eins "hynder" betsjut) = 妈 ("mem"); de radikaal jout de betsjutting wer, yn dit gefal "frou", en it fonetysk elemint jout de útspraak wer, yn dit gefal "ma", en dat smyt in frou mei de útspraak "ma" op = "mem";
- lienkarakters: foar abstraksjes nimt men in al besteand karakter mei byhearrende útspraak oer, dy't (poer tafallich) ek de útspraak is fan it oangeande abstrakte begryp, lykas 象 ("oaljefant"), dat ek brûkt wurdt foar de betsjutting "lykje op".
It grutste part fan 'e gongbere Sineeske karakters, sa'n 90%, bestiet út fonogrammen.
Der binne likernôch 106.000 ûnderskate Sineeske karakters, hoewol't de grutste helte dêrfan bestiet út farianten dy't krekt justjes oars skreaun wurde en dy't men inkeld tsjinkomt yn histoaryske teksten. Yn 'e Folksrepublyk Sina wiene yn 2006 55.000 ferskillende karakters yn gebrûk, wêrfan't dat jiers mar 32.232 sa gongber wiene dat se ek oer in digitale foarm beskikten sadat se brûkt wurde koene yn tekstferwurkingsprogramma's op 'e kompjûter. In goed oplate, belêzen Sinees ken trochinoar 7.000 ferskillende karakters út 'e holle. Stúdzjes yn Sina hawwe oantoand dat foar in funksjonele geletterdheid (d.w.s. dat men jin yn 'e moderne maatskippij rêde kin mei lêzen en skriuwen) in wurdskat fan tusken de 3.000 en 4.000 karakters nedich is. Mei in fokabulêre fan sa'n 1.500 karakters kin men jin behelpe om in ferhaal oer te bringen dat de lêzer noch begripe kin, hoewol't it der dan beslist net moai út komt te sjen. Yn Japan wurde 2.136 kanji-karakters leard oan learlingen fan it fuortset ûnderwiis, wylst noch ferskate hûnderten oaren ek aldendeisk brûkt wurde. Mar yn Japan wurde de fan oarsprong Sineeske karakters fan kanji kombinearre mei twa lânseigen skriften (hiragana en katakana) en soms ek mei it Latynske alfabet.
Sinezen leare harren skrift fan âlds troch elts nij karakter hûndert kear te skriuwen. Ek dan is it lykwols faak dreech om it te ûnthâlden. In soad Sinezen sille bygelyks it wurd foar "proeste" (打喷嚏; pinyin: dǎpēntì) net skriuwe kinne, om't dat in wurd is dat yn 'e skriuwtaal amper foarkomt. Dêr komt noch by dat 喷 (pēn) 12 streekjes telt en 嚏 (tì) mar leafst 17, en dat 嚏 (tì), de dreechste fan 'e beide, no krekt inkeld foarkomt yn ferbân mei proesten, in ûnderwerp dêr't net folle dokumintaasje oer foarhâns is. It is trouwens net genôch om 'e betsjutting fan elts karakter op himsels te witten, want yn kombinaasje betsjutte se gauris wat oars. Sa is 经 "boek" en 济 "helpe", mar de kombinaasje 经济 betsjut net "helpboek", sa't men ferwachtsje kinne soe, mar "ekonomy". De kompleksiteit fan 'e Sineeske karakters soarget derfoar dat in soad minsken yn Sina en Taiwan en mank de Sineeske mienskippen om utens harren eigen taal skriftlik net goed behearskje. Yn 'e Folksrepublyk Sina leit it persintaasje analfabeten op 14% fan 'e befolking.
Transliteraasje
Sineeske karakters kinne omstavere wurde sadat se lêsber binne foar lju dy't neat fan it Sineeske skrift ôfwitte. Dat omstaverjen hjit transliteraasje, en der besteane ferskate transliteraasjesystemen dy't spesifyk ûntwurpen binne foar it omsetten fan Sineeske karakters nei de Westerske letters fan it Latynske alfabet. Foarhinne waard dêrfoar benammen it Wade-Giles-systeem brûkt, dat no inkeld noch ynformeel yn Taiwan yn gebrûk is. Hjoed de dei brûkt men foar it transliterearjen fan Sineeske karakters pinyin, dat yn 1958 yn 'e Folksrepublyk Sina as standertsysteem foar transliteraasje ynfierd waard en yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fêststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sûnt 1986 is pinyin teffens it offisjele transliteraasjesysteem fan 'e Feriene Naasjes, en yn 2009 waard it einlings ek as sadanich ynfierd yn Taiwan.
Pinyin is in staveringssysteem dat eigen fonetyske wearden jout oan 'e ûnderskate letters fan it Latynske alfabet, krekt sa't talen dat dogge dy't allinnich mar yn dat alfabet skreaun wurde. De letter z stiet bygelyks yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk foar it foneem [z] (de z fan "raze"), mar yn it Dútsk en Italjaansk foar it foneem [ʦ] (de ts fan "tsiis"). En de letter j stiet yn it Frysk, Nederlânsk en Dútsk foar it foneem [j] (j fan "jas"), mar yn it Ingelsk foar it foneem [ʤ] (dzj fan "siedzje") en yn it Frânsk foar it foneem [ʒ] (zj fan "bagaazje"). Krektsa hawwe yn pinyin ek guon letters in oare fonetyske wearde as dat sprekkers fan it Frysk wend binne. De letter x moet bygelyks beslist net útsprutsen wurde as [ks] ("ks" fan "ksylofoan"), sa't men yn it Frysk en Nederlânsk wend is, en likemin stiet de letter q yn pinyin ea foar de klank [kʷ] (kw fan "kwab"). Ynstee stiet de x foar in sj-klank en de q foar in tsj-klank. De wichtichste ferskillen yn útspraak tusken pinyin en it Frysk binne:
- konsonanten:
- b, d en g wurde útsprutsen as p, t en k
- p, t en k wurde útsprutsen as p, t en k mei aspiraasje, d.w.s. folge troch in h, lykas by de t's yn 'e bekende Grinslânske útspraak fan "Marthinithoren"
- h wurdt útsprutsen as ch (fan "leech")
- j en zh wurde beide likernôch útsprutsen as tsj (fan "tsjerke"); der bestiet ferskil yn útspraak tusken j en zh, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
- q en ch binne de aspirearre foarmen fan j en zh, dus mei likernôch de útspraak fan tsj (fan "tsjerke"), mar folge troch in h; der bestiet ferskil yn útspraak tusken q en ch, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
- r wurdt útsprutsen as in Ingelske r, mar dan mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
- sh en x wurde beide likernôch útsprutsen as sj (fan "sjippe"); der bestiet ferskil yn útspraak tusken sh en x, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
- z wurdt útsprutsen as ts (fan "tsiis")
- c wurdt útsprutsen as ts (fan "tsiis") mei aspiraasje, d.w.s. folge troch in h
- w wurdt altyd útsprutsen as de w fan "skowe", oftewol de Ingelske w
- y wurdt útsprutsen as j (fan "jas") en is soms stom (lykas yn it wurd pinyin, dat yn it Sineesk útsprutsen wurdt as "pyn-yn")
- fokalen:
- ao wurdt útsprutsen as au
- e wurdt útsprutsen as de e fan "de"
- ê wurdt útsprutsen as de e fan "lek" (komt inkeld foar as ynterjeksje)
- ei en ui wurdt útsprutsen as ee (fan "reek")
- i wurdt altyd útsprutsen as y (fan "dyk"), ek yn wurdlidden as ping en ying (dy rime dus net op "ring" of "ding")
- iao wurdt útsprutsen as jou (fan "ik jou")
- ie wurdt útsprutsen as jee (fan "Jeen van den Berg")
- io wurdt útsprutsen as de jo fan 'e namme "Job" (komt inkeld foar as ynterjeksje)
- o wurdt útsprutsen as de o fan "hok" (komt inkeld foar as ynterjeksje)
- on en ong wurde útsprutsen as ûn en ûng
- ou wurdt útsprutsen as oo (fan "rook")
- u wurdt útsprutsen as û (fan "tûk"), mar nei j, q en x as ú (fan "tút")
- ü wurdt útsprutsen as ú (fan "tút")
- ua wurdt útsprutsen as wa (fan "kwab")
- uai wurdt útsprutsen as it Ingelske why
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.