Húshâldskoalle

From Wikipedia, the free encyclopedia

Húshâldskoalle
Remove ads

De húshâldskoalle wie in skoaltype yn Nederlân en Flaanderen. Yn Nederlân hiet dizze skoalsoarte op it lêst offisjeel de Legere Húshâld- en Niverheidsskoalle (Nederlânsk: Lagere Huishoud- en Nijverheidsschool, LHNO). Yn de stêden wiene yndustry- en húshâldskoallen, op it plattelân lânbou-húshâldskoallen.[1]

Twadde nasjonale itensiederswedstriid foar húshâldskoallen yn de Houtrusthallen yn De Haach (1954)

De Nederlânske húshâldskoalle of itensierdersskoalle hearde ta it leger beropsûnderwiis en late op foar húshâldster of tsjinstfaam of woe froulju tariede op harren klassike rol as húsfrou. Op dizze skoallen learden allinnich famkes itensieden, húshâlden, fiedingslear en oare húshâldlike feardichheden sa as it byhâlden fan in húshâldboekje en hantwurkjen.

Remove ads

Skiednis

It húshâldûnderwiis is yn 1888 úteinset mei de Haagsche Kookschool. De húshâldskoalle waard ek wol smeulend de spinaazje-akademy of pudding-akademy neamd. Mei de ynfiering fan de mammoetwet fan 1968 krige it de namme Leger Húshâld- en Nijverheidsûnderwiis (LHNU) en is it ek foar jonges tagonklik wurden, dy't oant dan ta allinne nei de Ambachtsskoalle koenen. Yn 1992 is it LHNU mei oare foarmen fan leger beropsûnderwiis opgien yn it tariedend beropsûnderwiis (TBU). Mei it mafû (mavo) en in grut part fan it fuortset spesjaal ûnderwiis waard it tbû yn 1999 gearfoege ta it TMBU (VMBO).

Lykas oare maatskiplike organisaasjes wie ek it húshâldûnderwiis tige ferpyldere.

Remove ads

List fan legere húshâldskoallen yn Fryslân

Mear ynformaasje Plak, Fan ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads