From Wikipedia, the free encyclopedia
Guus Kuijer (Amsterdam, 1 augustus 1942) is een Nederlânsk auteur. Yn 2020 krige Kuijer de prestizjeuze Constantijn Huygens-priis foar syn folsleine oeuvre.
Guus Kuijer | ||
skriuwer | ||
Guus Kuijer yn 2012 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 augustus 1942 | |
berteplak | Amsterdam | |
wurk | ||
sjenre | Jeugdliteratuer | |
jierren aktyf | 1973-no | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl IMDB-profyl |
Neidat Kuijer in kear sitten bleaun wie op de basisskoalle, en nochris op it lyseum, waard er nei in ynternaat yn Sutfen stjoerd. It waard foar him de minste tiid fan syn libben. Nei it ynternaat folge er yn Doetinchem in oplieding ta ûnderwizer. Fan 1967 oant 1973 wie Kuijer learaar. Yn 1968 begûn er mei it skriuwen fan koarte ferhalen foar it tydskrift Hollands Maandblad en yn 1971 publisearre er in samling fan syn koarte ferhalen. Fan 1973 ôf lei Kuijer him hielendal ta op it skriuwen fan boeken. Yn it earstoan skreau er allinne foar folkwoeksenen.
Yn 1975 kaam it earste berneboek fan him út. Hy hat dat boek skreaun foar Madelief, in dochterke fan freonen; de haadpersoan út it boek is nei har ferneamd. Totaal hat Guus Kuijer fiif Madelief-boeken skreaun. Yn 2001 skreau er it berneboekewikepresint, Ik ben Polleke hoor!. De Madelief-rige waard begjin jierren '90 bewurke tan de Madelief-telefyzjerige en letter ek troch Ineke Houtman ta de spylfilm Madelief, Krassen in het Tafelblad.
Kuijer wûn twa kear de Dútske Jeugdliteratuerpriis: yn 1982 foar Krassen in het tafelblad en yn 2002 foar it earste boek oer Polleke, Voor altijd samen, amen. [1] Yn 2012 waard him, as earste Nederlanner, de Astrid Lindgren Memorial Award (ALMA) takend.
Datselde jier ferskynde ek it earste part fan de De Bijbel voor ongelovigen. Yn dy rige fertelt Kuijer de ferhalen út de Bibel op hiel eigen wize nei, omdat se ta 'de oerferhalen fan de minskheid' hearre. Hy hope dêrmei syn fassinaasje foar y ferhalen oer te bringen op minsken dy 't de Bibel as literatuer lêze wolle. Yn 2015 ferskynde it fjirde diel en oant dan ta wiene der yn totaal goed 45.000 eksimplaren fan ferkocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.