From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grumman F6F Hellcat wie in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. It tastel opererearre fan fleandekskippen ôf. It wie de opfolger fan de Grumman F4F Wildcat.
Hoewol't de Hellcat op syn foargonger like, wie it in nij ûntwerp, mei in sterkere motor. Yn it ûntwerp waard rekken holden mei de gefjochtsûnderfining tsjin de Japanske Zero. Tegearre mei de F4U Corsair wie de Hellcat de wichtichste jager fan de Amerikaanske Marine yn de twadde helte fan de oarloch.
De Hellcat waard it meast súsesfolle marinefleantúch, mei in totaal fan 5.163 oerwinningen (kills) op fijanlike tastellen (56% fan alle U.S. Navy/Marine oerwinningen yn de loft yn de oarloch). Dêrby giene 270 Hellcats ferlern.
Hy wie yn tsjinst fan de Amerikaanske Marine, Mariniers en de Britske Royal Navy. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it tastel stadichoan ferfongen, mar de lêste Amerikaanske Hellcats diene tsjinst oant 1954 as nachtjager.
Gegevens F6F-3 | Gegevens F6F-5 | |
---|---|---|
Langte | 10,10 m | 10,23 m |
Spanwiidte | 13,05 m | 13,08 m |
Hichte | 3,97 m | 3,99 m |
Draachoerflak fleugels | 31,03 m² | 31,03 m² |
Motor | ien 18-sylinder-dûbelstjermotor Pratt & Whitney R-2800-10W Double Wasp fan 2000 hk | |
Topfaasje | 612 km/o op 5.280 m | 621 km/o |
Normaal fleanberik | 1.745 km | 1.674 km |
Bemanning | 1 | 1 |
Tsjinstplafond | 11.720 m | 11.369 m |
Gewicht leech | 4.100 kg | 4.152 kg |
Gewicht by start | 5.160 kg | 6.991 kg |
Bewapening | seis 12,7-mm-Browning M2-masinegewearen | seis 12,7-mm-mgs mei 400 patroanen it stik twa bommen of seis raketten (maks. 907 kg) |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.