From Wikipedia, the free encyclopedia
De griene ibis (Mesembrinibis cayennensis) is in fûgel út de famylje ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae). It is de iennige soarte yn it skaai Mesembrinibis.
Griene ibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mesembrinibis cayennensis | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griene ibis is in skoue, middelgrutte fûgel mei koarte poarten en in lange, kromme snaffel. De fûgel is 45 oant 60 sm lang en 700 oant 890 gram swier. Mantsjes en wyfkes binne yn 'e fearren allyk, mar mantsjes binne wat grutter as wyfkes.
Folwoeksen fûgels binne donkergrien oant swart en ha in brûnskleurige oant griene glâns mei yn 'e nekke smaragdgriene fearkes. De fûgels hawwe in neaken griis gesicht, in ljochtgriene oant griisgriene snaffel en poaten fan 'e selde kleur.
Jonge fûgels binne doffer en donkerder fan kleur.
De soarte komt fan Hondoeras oant súdeastlik Brazylje en de meast noardeastlike hoeke fan Argentynje foar. Griene ibissen komme dêr yn boskeftige sompen foar en oan rânen fan rivieren en wurde yn 'e regel allinne of yn pearkes sjoen. Yn 'e drûge tiid wol de fûgel wol migrearje.
Neffens Birdlife International wurdt de populaasje op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. It ferspriedingsgebiet is grut en ek de populaasje is noch grut genôch. De fûgel hat op de Reade list fan IUCN de status fan 'net bedrige'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.