Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grebbeberch yn de gemeente Rhenen, yn de Nederlânske provinsje Utrecht, is in 52 meter hege hichte, in driuwwâl, dy't de súdeastlike punt fan de Utertske Heuvelrêch is. Fanwege syn strategyske lizzing mei útsjoch op de Nederryn en op de Betuwe wie de hichte histoarysk wichtich. Yn de 18e iuw waard fan dêr wei de Grebbeliny oanlein. De heuvel is yn 't foarste plak bekend fanwegen de Slach om de Grebbeberch yn maaie 1940.
Op de Grebbeberch leit it Earefjild Grebbeberch dêr't 850 Nederlânske militêren beïerdige waarden dy't sneuvelen yn dy slach. It earehôf hat in monumint dêr't alle jierren op 4 maaie de deaden út WOII betocht wurde. It opskrift is fan de dichter J.C. Bloem:
Vijf dagen, en de vrijheid ging verloren.
vijf jaren, en eerst toen werd zij herboren.
Zo moeizaam triomfeert gerechtigheid.
aan dit besef zij deze grond gewijd.
De namme Grebbeberch is ôflaat fan de Biskop Davidsgrift of Grebbe, in histoarysk kanaal en foargonger fan it Falleikanaal dat oan de foet fan de Grebbeberch yn de Nederryn útkaam. It noardlik part fan de Grebbeberg hjit Laarsenberch en wurdt faak as aparte hichte beskôge. Dêr is sa'n 80 ha. fan eigendom fan Het Utrechts Landschap. Op dat part fan de Grebbeberch leit ek it Ouwehands Dierepark.
Topografyske kaart fan de Grebbeberch en de Blauwe Kamer, desimber 2015. Klik op de kaart foar in grutter ôfbyld.
De eastlike helling fan de Grebbeberch meie sportfytsers fanwegen syn skeantegraad graach oer. Mei in maksimale stiging fan 7% en in skeante fan boppe de 5% oer in heale kilometer heart er by de swierdere hellingen fan de Heuvelrêch. De westkant komt (oer hûndert meter) net boppe de 3% út en is dêrom sa dreech net.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.