Goudbrún

From Wikipedia, the free encyclopedia

Goudbrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún of soms fan goud. It kin omskreaun wurde as in ljochtbrune tint dy't in bytsje nei giel niget.

Fluch de feiten
goudbrún
kleurkoördinaten
heksadesimaal#996515
RGBª (r, g, b)(153, 101, 21)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 34, 86, 40)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)
Slute

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is goudbrún in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren maginta, giel en syaan (hoewol yn 'e praktyk meastal maginta, giel en swart brûkt wurde).

As namme foar in kleur waard de oantsjutting 'goudbrún' ynsafier bekend foar it earst registrearre yn 1891. Nei goudbrún wurdt benammen in soad ferwiisd yn resepten as de kleur dêr't itensieders nei stribje moatte yn harren bakte en frituerde itenswaren.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.