From Wikipedia, the free encyclopedia
Goaiïngaryp is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de eastkant fan de Goaiïngarypster Puollen. De buorskip Ballingboer falt ûnder it doarp.
Goaiïngaryp | ||
Tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 245 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 9,29 km² lân: 3,20 km² wetter: 6,10 km² | |
Befolkingsticht. | 75 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 0' N 5° 46' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Goaiïngaryp | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Goaiïngaryp yn de eardere gemeente Skarsterlân |
It doarp hat 245 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
De namme Goaiïngaryp komt fan Goai (in persoansnamme), gea (doarp) en ryp (stripe). Goingarijp leit op 'e ein fan ûntginningsstripen dy't harren oarsprong hawwe yn it doarp Goaiïngea.
Goaiïngaryp is ûntstien op in sânrêch dêr't de minsken feilich wienen foar oerstreamings dy 't der faak wienen yn de Lege Wâlden. De huzen waarden boud oan in streamke of rivierke, sadat in streekdoarp ûntstien is. Dy rivierkes fierden harren wetter ôf fia de Boarn nei de Middelsee. De hjoeddeiske Lykfeart soe noch in oerbliuwsel wêze kinne fan dat rivierke. Ut Goaiïngaryp wei rint de Lykfeart nei Ballingboer en giet dêr oer yn de Jousterfeart. Dat wie eartiids in drok befearn wetter nei Snits ta. De grins tusken Goaiïngaryp en Terkaple hat altyd de âlde Slachtedyk west dy't om it jier 1000 oanlein is. De âlde Slachtedyk wie ek de grins tusken de gemeentes Doanjewerstâl en Utingeradiel. Oft de Slachte oanlein is op de grins fan de gemeenten, of dat de grins lutsen is oer de âlde Slachte is net bekend. Sa’n grins waard “Skien” of “Skeen” neamd en soms ek wol “Scheen”. It soe wolris in ferkoarting wêze kine fan “skieding”. Yn de benefysjaalboeken is sprake fan doorgaande landen, terp ende huijssteedt streckende van die scheenswal op die pollenswal. Lân dus tusken skien en poel. Inkele boeren hienen ek lân op de Lytse Griene en de Grutte Griene yn de Snitser Mar, rjocht foar harren perselen oer op de fêste wâl. Yn âlde geskriften wurdt ek sprutsen oer “poelenswal” en “meerswal”, dus lân dat grinze oan de poel of oan de mar. De bewenning rûn eartiids fierder noardwerts troch, want oant hast by de Hearresyl binne yn de grûn spoaren fan bebouwing fûn. Folle âldere spoaren binne oantroffen yn de Goaiïngarypster Puollen, ûnder oare stiennen ark dat datearre is op sawat 5000 foar Kristus. Der wurdt ek sprutsen oer in kleaster oan de noardkant fan it doarp, mar dúdlike bewizen hjirfoar binne der net. Der is allinnich de namme “Kleasterwei”. At dat der al stien hat dan sil it in kleaster yn de buert west hawwe. Oer in selsstannich kleaster yn Goaiïngarijp is neat bekend.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 2014 makke Goaiïngaryp diel út fan de eardere gemeente Skarsterlân.
De Feriening foar Pleatslik Belangwaard yn 1917 oprjochte en komt foar de belangen op fan it doarp.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 86 | 156 | 144 | 127 | 123 | 108 | 247 | 227 | 255 | 250 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2020: Alle Cijfers.)
Ien fan de meast kenmerkende eigenskippen fan Goaiïngaryp is noch altyd syn prachtige lizzing oan de Goaiïngarypster Puollen, in sydmarke fan de Snitser Mar. By it slúske fan Goaiïngaryp leit in wettersportrestaurant. Fierders is der noch in lytse jachthaven, in boateferhierbedriuw en de sylskoalle "It Garyp".
De tsjerke stiet yn 'e midden fan it doarp. De bou fan de hjoeddeiske tsjerke sette út ein yn 1770. Boppe de yngong stiet op in wapenstien de namme oanjûn fan jonkhear Johan Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl. Syn finansjele stipe makke it mooglik dat de tsjerke boud waard. Njonken de tsjerke stiet in klokkestoel.
Oan de noardeastkant fan it doarp stiet sûnt 2007 in restaurearre Amerikaanske wynmotor.
Sûnt 2002 sit yn Ballingboer (dit is in streekje dat by Goaiïngaryp heart) It Skyldhûs. Dit opfangsintrum foar skyldpodden, reptilen en wat lytsfee hat as doel it optimalisearjen fan de omstandichheden foar, foaral, skyldpodden by partikulieren. Ek wol men foarkomme dat de bisten "dumpt" wurde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.