From Wikipedia, the free encyclopedia
Gistel is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De polderstêd hat likernôch 12.000 ynwenners, dy't de bynamme "hovelingen" drage.
Gistel | ||
Gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.106 (2022)[1] | |
Oerflak | 42,84 km² | |
Befolkingsticht. | 282,82 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8470 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 9' N 2° 58' E | |
Lokaasje Gistel yn it arrondissemint Oostende yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
gistel.be |
Gistel ûnstie op in âlde sânrêch mei legere gebieten yn it noarden (rjochting see) en it suden (binnenlân). Nei alle gedachten is de namme ôflaat fan de Germaanske wurden geest en lo en de betsjutting is 'iepen bosk op hegere sângrûn'.
Offisjeel wurdt oannommen dat de earste dokuminten dy't oer Gistel skriuwe 10e-iuwsk binne. Neffens dy dokuminten soe Gistel yn dat tiidrek in geunstige lokaasje oan see ha. Guon ornearje lykwols ek dat Gistel al yn 9e-iuwske oantekenings fan Wytsings neamd wurdt. Yn 'e midsiuwen wie Gistel (ek wol in Gestella, Gistella of Ghistelle/Ghistelles/Ghestelle neamd) in greeflike hearlikheid, Gistel-Ambacht fan it skaai Gistel. De groei fan Gistel moat te tankjen west ha oan de befarberens fan in wetterke op in foarútskode lokaasje oan de kust, dy't Gistel in strategyske lokaasje joech yn 'e ferdigening tsjin de Wytsings. Salang't it streamke befarber bleau, ûntjoech Gistel him ta in haven- en hannelsdelsetting. De stêd hie yn de 12e iuw al in fersterke fêsting en yn 'e 13e iuw krige Gistel stedsrjochten.
Nei mear as fjouwer iuwen fan grutte wolfeart krige Gistel yn 1488 in swiere klap as gefolch fan de ferneatiging en plondering fan de stêd troch de troepen fan Maksimiliaan fan Eastenryk by de opstân fan Flaanderen tsjin him.
Op de âldst bekende kaart fan Gistel (Jakob fan Deventer, 1570) is in plak te sjen mei in grêft en 6 tagongsdiken mei yn it sintrum in tsjerke, in kastiel en in tsiental strjitten. De plonderingen fan de geuzen en it dêropfolgjende belis fan Oostende soarge derfoar dat de krite ûntfolke. Yn it Tolvejierrich Bestân wiene it benammen de aartshartogen Albrecht en Isabella dy't de weropbou oantrunen. Nei de Tachtichjierrige Kriich fûn der fierder herstel plak en waard Gistel in pylgerplak om de martleres Sint-Godelieve hinne.
De oanlis fan de stiennen dyk Oostende-Wijnendale (18e iuw) en it spoar Oostende-Torhout (19e iuw) krige Gistel nije ekonomyske ympulsen. De realisaasje fan de E40 (A18) ferbettere de berikberens fan Gistel fierder. Mei in eigen yndustryterrein en in brûzjend hannelssintrum waard tefoarren kommen dat Gistel in sliepplak fan Oostende waard.
Njonken de dielgemeente Gistel bestiet de gemeente út de dielgemeenten Moere, Snaaskerke en Zevekote. Moere en Zevekote wiene foar 1971 selsstannige gemeenten, wylst Snaaskerke yn 1977 by Gistel kaam.
Nû | Namme | Oerflak (km²)[2] | Ynwennertal (2021) | Kaart |
---|---|---|---|---|
I | Gistel | 16,88 | 7.627 | |
II | Moere | 9,84 | 1.047 | |
III | Zevekote | 6,91 | 697 | |
IV | Snaaskerke | 8,62 | 1.266 |
Gistel is de widze fan de ferearing fan Sint-Godelieve yn Flaanderen en Noard-Frankryk. It hichtepunt fan dy ferearing is de alle jierren fierde Godelieveprosesje op de earste snein nei 6 july.
Oan 'e ein fan 'e 11e iuw waard op it plak fan it martlerskip fan Sint-Godelieve in frouljuskleaster stifte. De abdij is ien fan de meast besochte beafeartsplakken fan West-Flaanderen. Bruorren en susters fan de Kongregaasje "Mem fan Frede" wenje dêr no. Yn de abdij is it Sint-Godelievemuseum.
Yn 1488 baarnde de goatyske tsjerke fan Gistel troch de Flaamske Opstân tsjin Maksiliaan út. Tolve jier letter waard útein set mei de bou fan in nije letgoatyske tsjerke. Dy tsjerke waard healwei de 19e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. Allinne de toer bleau oer en dy waard yntegrearre yn de hjoeddeiske neogoatyske tsjerke, mar ek de toer waard oan 'e ein fan de 19e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. De hjoeddeiske toer waard yn de jierren 1970 boud neffens âldere plannen út it begjin fan de 20e iuw.
Oan de eastlike râne fan it stedssintrum stiet de Oostmolen, in Flaamske standermûne. Mûne De Meerlaan is in lytse standermûne op in hege rûne foet út 1933.
Tichteby de abdij stiet de modelpleats 'Brittaniahoeve', dy't neffens Ingelsk foarbyld yn 1855 nei in ûntwerp fan de Frânske arsjitekt H. Horeau boud waard.
Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.