Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gerkeskleaster is in doarp oan it Prinses Margrietkanaal yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen. Tegearre mei Strobos foarmet Gerkeskleaster it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. De doarpen lizze yn in iepen klaaigebiet, dat de houtwâlen fan De Wâlden mist.
Gerkeskleaster | ||
Herfoarme tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 785 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,48 km², wêrfan: - lân: 5,36 km² - wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 144 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 6° 12' E | |
Doarpsgebiet fan Gerkeskleaster yn de gemeente Achtkarspelen | ||
Offisjele webside | ||
www.gerkesklooster-stroobos.nl | ||
Kaart | ||
Gerkeskleaster hat 785 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Yn it earstoan lei hjir de delsetting Wigerathorp. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út Twizel liet der yn 1240 troch muontsen út it kleaster Klaarkamp in kleaster Jeruzalem stiftsje, dat yn 1249 yn de Sistersjenzer kleasteroarder opnommen waard. Der waard ek in tsjerke stifte, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht kerspels (tsjerkedoarpen) waard. Yn de folksmûle waard it kleaster Gerckes' kleaster neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant 1580 stien.
Yn de Tachtichjierrige Oarloch soe yn 1571 de klok út de tsjerketoer stellen en ferkocht wêze. Oare boarnen sizze dat de klok yn 1503 troch de wettergeuzen rôve waard. Yn alle gefallen hinget de klok no yn de tsjerke fan de Deenske plak Gadstrup (op Seeland). Nei de ynfiering fan de reformaasje waard it kleaster yn 1580 ôfbrutsen. Allinnich de brouwerij fan it kleaster bleau stean. Dy waard op 7 augustus 1629 as protestantske tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn 1786 fergrutte en ferhege en waard yn de jierren 1974-1975 op 'e nij ferboud. Yn Gerkeskleaster fûn de ôfskieding en letter de doleânsje in hiel soad stipe. De grifformearde tsjerke (no PKN) fan Gerkeskleaster waard yn 1926 boud en ferfong de twa âldere grifformearde tsjerken fan Strobos en Gerkeskleaster.
Fan 1913 oant 1991 hie Gerkeskleaster in stienfabryk. It molkfabryk dat om 1900 boud waard, is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern FrieslandCampina.
Oant 1993 waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de eartiidske Grinslanner gemeente Gruttegast, dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Om't dat foar in soad praktyske beswieren soarge is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al hiel lang fan grut belang foar de doarpen. De goede ferbinings oer it wetter soargen al gau foar in soad warberens.
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante "De Tweeling". Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. Yn Gerkeskleaster en Strobos wurdt njonken Frysk fral it Kleastersk praat.
Jier | 1955 | 1960 | 1965 | 1970 | 1973 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.064 | 966 | 949 | 918 | 961 | 821 | 820 | 795 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.