Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gerard Wigmana, berne as Gatze Wigmana, (Warkum, 27 septimber 1673 - Amsterdam, 27 maaie 1741), wie in Frysk keunstskilder. Yn 1699 besocht er Parys en Rome. Hy waard wol de 'Fryske Rafael' neamd. Hy wie learmaster fan de dochters fan prinsesse Henriëtte Amalia fan Anhalt (1702).
Yn 1697 skildere er in apart groepsportret fan in húshâlding oan it iten, mei de titel 'Boargemaster Saco fan Aitzema fan Dokkum en de frou biede Tsaar Peter de Grutte in miel oan yn Amsterdam'.[1] Dêrnei reizge er nei Rome, neffens Houbraken omdat Wigmana de skilder Daniel Seiter yn Rome moete hie yn 1699.[2] Houbraken neamt him wer yn syn biografyske skets fan Pieter van Mierevelt, meidat Wigmana ien fan dy syn skilderijen besiet. Houbraken wie fan doel om ek in biografyske skets fan Wigmana te skriuwen (as er mei De groote schouburgh oan bertejier 1673 ta wie), mar hy stoar al foar de publikaasje fan Diel III, dy't einige mei it jier 1659. Neffens de RKD wie er in learling fan Jelle Sibrands en krige er yn Rome de bynamme Friese Raphael.[3] Johan van Gool neamt Wigmana in narcissus yn syn biografyske skets fan him. Neffens Van Gool wie Wigmana yn 1700 yn Rome, mar krige er syn bynamme net as lid fan de Bentvueghels, mar faaks omdat er sa'n protte wurk fan Rafael neiskildere.[4] Wigmana skreau in boek oer skilderkeunst dat nei syn dea yn 1742 útjûn waard, it boek jout ek syn autobiografy mei in gravuere troch Bernard Picart neffens in selsportret.
Wurk fan him is ûnder mear te sjen yn it Frysk Museum en yn it stedhûs fan Ljouwert.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerard Wigmana fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.