From Wikipedia, the free encyclopedia
Gerard Adriaan Heineken (Amsterdam, 29 septimber 1841 – Amsterdam, 18 maart 1893) wie de stifter fan bierbrouwer Heineken. Op 15 febrewaris 1863 naam hy de brouwerij De Hooiberg oer oan de Niewezijds Voorburgwal yn Amsterdam, hjir begûn hy op 16 desimber fan dat jier mei it brouwen fan bier, ûnder de namme Heineken & Co.[1]
Gerard Adriaan lei de klam op kwaliteit, wat al gau liede ta ynternasjonale prizen. Hy folge de moade út Dútslân troch oer te gean fan boppegisting nei ûndergisting en wie de earste brouwer op de wrâld mei in laboratoarium foar de kontrôle fan kwaliteit. Hy luts in learling oan fan Louis Pasteur as haad fan it laboratoarium. Dizze wittenskipper, dr. Elion, isolearre yn 1886 in gist fan poer bêste kwaliteit, it Heineken A-gist, dat tsjintwurdich noch hieltyd brûkt wurdt.
Heineken wie fan 1871 oant 1877 lid fan de Amsterdamske gemeenterie en spile in wichtige rol by de stichtin gan it Ryksmuseum, it Amstel Hotel en de oanliz fan it Noardseekanaal.
Tsjin de tiid dat Gerard Adriaan Heineken ferstoarn, wie de brouwerij útwaakse ta ien fan de grutste en wichtichste brouwerijen fan Nederlân. Syn soan Henry Pierre Heineken hie fan 1917 ôf de lieding oer it bedriuw en syn pakesizzer, Freddy Heineken (1923-2002), hat Heineken as brouwerij ynternasjonaal fierder útwreide.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.