Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gellius Faber de Bouma, latinisearring fan Jelle Smit, ek G. Faber van Bouma, (Ljouwert?, ± 1490 - Emden, 2 juny 1564) wie in pastoar en letter herfoarmer fan it leauwe.
Hy wie om 1516 hinne pastoar te Jelsum en preke 'evangelysk'. Hy wurdt beskôge as foaroprinner fan de Fryske herfoarming. Om 1530 hinne noch net ferfolge troch de (tsjerklike) oerheid.[1]
Faber de Bouma joech yn 1536 it prysteramt oer, yn deselde snuorje die Menno Simons dat ek. Hy flechte nei East-Fryslân dêr't er predikant waard te Norden. Yn 1538 waard er beroppen yn Emden, dêr't er oan syn dea in wichtich man yn de grifformearde gemeente bleau. Yn 1551 of 1552 skreau er in ferdigeningsskrift tsjin de werdopers, útjûn yn Magdeburch.[2] Hy en Menno Simons bestrieden elkoar fûl yn harren ferballing, ûnder oaren oer de (be)ropping fan predikanten.[3]
Gellius hie twa soannen: Assuerus († 1575) en Petrus († 1604)[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.