Gabriella Blicq

From Wikipedia, the free encyclopedia

Gabriella Blicq, echte namme: Szilvia Forian (27 juny 1976), is in rêstend Hongaarsk fotomodel, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gabriella Blick, Gabriella Bliq, Gaby, Gaby Wolf, Gabriella Wolf, Jacqueline Roget en Carmen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei in gewicht fan 63 kg.

Fluch de feiten
Gabriella Blicq
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gabriella Blick, Gabriella Bliq,
Gaby Wolf, Gabriella Wolf,
Jacqueline Roget, Gaby, Carmen
echte nammeSzilvia Forian
nasjonaliteit Hongaarsk
berne27 juny 1976
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf19942000
offisjele webside
gjint
Slute

Karriêre

Blicq begûn har karriêre as fotomodel en wie Miss Hongarije yn 'e Miss Universe-ferkiezing yn 1994. Datselde jiers noch, op har achttjinde, makke se har debút yn har earste pornografyske film, in produksje fan it Sweedske Private-label. Pas twa jier letter, yn 1996, spile se op 'e nij yn in pornofilm. Yn totaal die se mei oan likernôch tweintich films, de measten fan Private. Yn 2000 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.