Frijsteat Jones
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Frijsteat Jones (Ingelsk: Free State of Jones, útspr.: [fɹi: ste:t əf ʤoʊnz], likernôch: "frii steet uf dzjoonz") wie in net-erkende republyk yn it súdeasten fan wat no de Amerikaanske steat Mississippy is. De frijsteat waard yn july 1864 útroppen troch anty-Konfederearre rebellen, doe't Mississippy ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch diel útmakke fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. De Frijsteat Jones waard troch gjin inkeld besteand lân erkend, mar bestie oant de ein fan 'e oarloch, yn april 1865.
Frijsteat Jones Free State of Jones | |
---|---|
1864 – 1865 | |
geografyske lokaasje | |
De lokaasje fan Jones County yn Mississippy | |
polityk | |
haadstêd | Ellisville |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
steatsfoarm | republyk |
ûntstien út | Konfederearre Steaten |
opgien yn | Feriene Steaten |
no diel fan | Feriene Steaten |
sifers | |
ynwennertal | ~5.000-10.000 |
befolkingstichtens | ~0,7-1,4 / km² |
oerflak | ±7.000 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Konfederearre dollar |
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) besocht de steat Mississippy him mei tsien oare Amerikaanske steaten ûnder de namme fan Konfederearre Steaten fan Amearika los te skuorren fan 'e Feriene Steaten. Op 13 oktober 1863 klofte yn it súdeasten fan Mississippy, yn 'e ûnbegeanbere sompen by de igge fan 'e rivier de Leaf lâns, in binde gear fan earme blanke deserteurs út it Konfederearre leger en útnaaide negerslaven fan 'e plantaazjes yn it gebiet. Harren doel wie om Jones County en omlizzende countys te beskermjen tsjin it ynjen fan belesting troch de Konfederearre autoriteiten, in praktyk dy't hast mear wei hie fan it hâlden fan plondertochten, en dêr't benammen earme gerniers en komelkers slim ûnder te lijen hiene.
De groep, dy't oanfierd waard troch Newton Knight, neamde himsels de Knight Kompanjy ("knight" is ek it Ingelske wurd foar "ridder"), en foarme in provisoarysk bestjoer foar it gebiet, dat geandewei mear unionistyske trekjes begûn te fertoanen. Knight en syn oanhingers fochten fan it neijier fan 1863 oant begjin 1865 fjirtjin histoarysk dokumintearre skermutselings mei Konfederearre troepen út. Ek fierden se in oerfal út op Paulding, wêrby't se fiif weinfollen stynske weet bútmakken dy't as belesting opfoardere wiene fan boerespultsjes yn Jones County. Dy namen se mei werom en ferdielden se ûnder de befolking. De Knight Kompanjy sette guerriljataktiken yn tsjin 'e belestingining en deade benammen yn 1864 frijwat belestingynders en ofsieren dy't pleatslike jonges oprôpen foar de tsjinstplicht.
De griffier fan it gerjochtsgebou fan Jones County skreau begjin maart 1864 oan Charles Clark, de gûverneur fan Mississippy, dat Knight-en-dy it ynjen fan belesting yn 'e county ûnmooglik makke hiene. Tsjin ein maart 1864 hie de Knight Kompanjy it regear fan 'e county effektyf oernommen fan 'e Konfederaasje. Neffens in brief fan 'e Konfederearre kaptein Wirt Thompson oan James Seddon, de minister fan Oarloch fan 'e Konfederaasje, datearre op 29 maart, hiene Knight-en-dy Ellisville, it haadplak fan Jones County, ferovere en dêr de Amerikaanske flagge hyst by it gerjochtsgebou. Knight besocht help te krijen fan 'e nei it suden ta opmarsjearjende Noardlike generaal William T. Sherman, en stjoerde him in brief wêryn't er úthold dat Jones County gjin ûnderdiel mear útmakke fan 'e Konfederaasje.
Yn july 1864 skreau de Natchez Courier, in krante út Natchez (Mississippy), dat de 'Frijsteat Jones' him ôfskaat hie fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Op syn hichtepunt behearske de frijsteat net inkeld Jones County, mar de hiele krite fan Jones oant de grins mei Alabama, dat dielen fan 'e countys Jasper, Covington, Perry en Smith omfette. Doe't oan 'e ein fan 'e simmer fan 1864 in Konfederearre troepemacht ûnder lieding fan kolonel Robert Lowry nei it gebiet stjoerd waard om regaad te meitsjen, loeken Knight en syn oanhingers har werom yn 'e sompen fan 'e Leaf. Dêrwei begûnen se op 'e nij in guerriljastriid tsjin 'e Konfederearre besettingsmacht, dy't oanhold oant de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn april 1865.
Om't de hiele skiednis fan 'e Frijsteat Jones mar tige krap dokumintearre is, hawwe histoarisy geregeldwei yn twifel lutsen oft Jones County him ea wier fan 'e Konfederaasje ôfskaat hat. Guon binne ta de konklúzje kommen dat dat net it gefal wie, wylst oaren miene fan al. It besykjen om ta in yngeandere stúdzje fan Knight en syn meistanners te kommen is sterk behindere troch it ûntbrekken fan boarnemateriaal. Under in diel fan 'e befolking fan Jones en omlizzende countys hawwe Knight en syn striid sadwaande legindaryske foarmen oannommen. Yn 2016 makke regisseur Gary Ross ûnder de titel Free State of Jones in film oer Knight en de Frijsteat Jones, mei yn 'e haadrol akteur Matthew McConaughey.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.