Frank Lubin

From Wikipedia, the free encyclopedia

Frank Lubin

Frank John Lubin (Los Angeles, 7 jannewaris 1910 - Glendale, 8 july 1999) wie in Litousk-Amerikaansk basketballer.

Fluch de feiten
Frank Lubin
sporter
Thumb
Frank Lubin (1939)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrank John Lubin
nasjonaliteit Amerikaansk,
Litousk
bertedatum7 jannewaris 1910
berteplakLos Angeles
stjerdatum8 july 1999
stjerplakGlendale
etnisiteit Litousk
lingte2.01 m
gewicht113 kg
sportive ynformaasje
sportbasketbal
O.S.Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
goud 1x Olympyske Spullen 1936
goud 2x EK 1937, 1939
Slute

Lubin waard berne oan’e eastkant fan Los Angeles, Kalifornje, yn in húshâlding fan Litouske ymmigranten. Yn 1936 makke Lubin diel út fan it Amerikaanske basketbalteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. By dit toernoai spile er twa wedstriden, ynklusyf de finale, en skoarde hy twaentweintich punten. Yn 1937 en 1939 wûn hy it Europeesk kampioenskip basketbal mei it nasjonale team fan Litouwen.

Doe’t yn 1939 de Twadde Wrâldkriich útbruts, wie Lubin yn Itaalje om in Litousk frouljusteam te coachen. Trochdat Dútslân fuortendaliks op it paad werom nei Litouwen lei, moasten Italjaanske amtners it team helpe werom te kearen yn Litouwen, dit gie mei de trein en boat, wêrtroch't se Dútslân wisten te mijen.

Dêrnei flechte Lubin mei syn húshâlding út Litouwen nei de Feriene Steaten, mei it each op de Sovjetinvasy dy't úteinlik in jier letter plak hie. Lubin spile dêrnei foar it 20 th Century Fox team oant 1955, doe't er fanwegen problemen mei syn knibbels ophâlde moast. Frank Lubin ferstoar op 8 july 1999, yn 'e âldens fan 89 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.