From Wikipedia, the free encyclopedia
Frank Grouard (op 'e Genoatskipseilannen (Frânsk-Polyneezje), 20 septimber 1850 – St. Louis (Missoury), 15 augustus 1905) wie in ferneamd ferkenner foar it Amerikaanske Leger ûnder de Flakte-Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Yn dy hoedanichheid wied er û.m. belutsen by de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Geastedûnsoarloch. Hy focht yn 1876 yn 'e Slach oan 'e Powderrivier, de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes, en wie yn 1890 oanwêzich by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Fierders wurke Grouard ek as tolk en as U.S. marshal.
Frank Grouard | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frank Grouard | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 septimber 1850 | |
berteplak | de Genoatskipseilannen (Frânsk-Polyneezje) | |
stoarn | 15 augustus 1905 | |
stjerplak | St. Louis (Missoury) | |
etnisiteit | Frânsk Tahitiaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
aktyf as | tolk | |
jierren aktyf | 1873 – 1891 |
Hoewol't Grouard beskreaun is as in Yndiaan, in healbloed-Yndiaan, in Louisiaanske Kreoal of in heale neger, stelde er sels, yn 'e biografy dy't er yn 1891 diktearre oan sjoernalist Joseph DeBarthe, dat er yn 1850 berne wie op 'e Genoatskipseilannen, yn wat no Frânsk-Polyneezje is, as de soan fan 'e Amerikaanske mormoanske sindeling fan Frânsk komôf Benjamin Franklin Grouard en in Polynezyske frou. Grouard wie de middelste fan trije soannen.
Yn 1852 ferfear er mei syn âlden en bruorren nei Utah, en letter nei San Bernardino, yn Kalifornje. Syn mem kearde in jier letter dêrwei werom nei de Stille Súdsee, en naam twa fan har soannen mei.Grouard bleau yn Kalifornje efter mei syn heit, en waard yn 1855 adoptearre troch Addison Pratt en dy syn frou Louisa Barnes Pratt, dat ek mormoanske sindelingen wiene. Mei harren ferhuze er nei Beaver, yn Utah, dêr't er wei útnaaide doe't er fyftjin jier wie. Hy bedarre doe yn Helena, yn Montana, dêr't er postkoetsier waard.
Om 1869 hinne, doe't er as postrinner wurke, waard Grouard deunby de mûning fan 'e rivier de Milk oerfallen troch Krie-Yndianen, dy't him al syn besittings ûntnaderen en him efterliten yn in wâld dêr't er neitiid finzen nommen waard troch de Lakota. Mank de Lakota waard Grouard, nei't men oannimme mei om't syn Polynezyske rasskaaimerken foar Yndiaansk oansjoen waarden, foar in broer oannommen troch it opperhaad Sittende Bolle. Grouard troude mei in Lakota-frou en learde floeiend Lakota te sprekken. Hy krige de Yndiaanske namme Yugata ("Steande Bear") taparte, mei't er by syn earste moeting mei de Lakota in bearepelzene jas oan hân hie.
Sân oant acht jier lang libbe Grouard net alhiel as gast en net alhiel as finzene, mar ek net alhiel as gelikense yn 'e kampen fan Sittende Bolle en Mâl Hynder, oant er úteinlik wist te ûntkommen. Neitiid waard er in gesant foar de Yndiaanske Fredeskommisje yn it Reade Wolk-agintskip yn Nebraska. Yn 1873 fungearre er as tolk en ferkenner foar de Yellowstone-ekspedysje fan it Amerikaanske Leger. Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, wied er fannijs yn dy funksjes aktyf. Yn maart 1876 naam er ûnder brigadegeneraal George Crook diel oan 'e Bighorn-ekspedysje en wied er ûnder kolonel Joseph J. Reynolds belutsen by de Slach oan 'e Powderrivier. It wie feitliks Grouard dy't, troch it spoar fan twa krigers te folgjen troch in nacht en in sniestoarm hinne, it Yndiaanske kamp oan 'e Powderrivier ûntdiek. Crook skreau yn maaie yn in rapport: "Ik soe leaver in trêde fan myn troepen ferlieze as Frank Grouard."
Under de simmerkampanje fan 1876 wie Grouard op 17 juny oanwêzich by de Slach oan de Rosebud, dêr't Crook syn troepen tsjinkeard waarden troch de Lakota en Noardlike Sjajinnen fan Mâl Hynder. Op 25 juny, de deis fan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêryn't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht waard, seach Grouard yn 'e fierte reeksynjalen dêr't er út opmakke dat de Yndianen in grutte oerwinning boekt hiene. Crook syn ofsieren, dy't mei harren fierrekikers de reek amper sjen koene, laken dat idee lykwols fuort. Om syn gelyk te bewizen ried Grouard doe 115 km nei de Little Bighorn ta, dêr't er de liken fan Custer en syn mannen seach ear't er mei dat nijs troch de Lakota weromjage waard nei it kamp fan Crook oan 'e beek Goose Creek.
Yn augustus en septimber fan 1876 wie Grouard ek oanwêzich by Crook syn Hynstefleismars, dy't sa neamd waard om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten. Teffens focht er op 9 septimber mei yn 'e Slach by Slim Buttes, tsjin 'e Lakota fan it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere. Yn augustus 1877 fungearre Grouard as tolk by de ûnderhannelings tusken de Lakota-opperhaden Mâl Hynder en Reitsje-de-Wolkens-Oan en de Amerikaanske legerlieding yn Fort Robinson. It leger woe dat de beide opperhaden as ferkenners fungearje soene yn 'e doe útbrutsen Nez Persé-Oarloch, tsjin 'e Nez Persé-Yndianen, mar de opperhaden makken dêr beswier tsjin, mei't se har wurd jûn hiene dat se nei har oerjefte yn frede libje soene. Neffens ien ferzje fan 'e foarfallen soe Mâl Hynder úteinlik tajûn hawwe, en sein hawwe dat er nei it noarden reizgje soe, as de blanken dat sa graach woene, en fjochtsje soe oant der gjin Nez Persé mear yn libben wie. Grouard soe dat, mei opsetsin wurdt wol sein, ferkeard oerset hawwe as dat Mâl Hynder nei it noarden gean soe en fjochtsje soe oant der gjin blanke mear yn libben wie. Doe't er konfrontearre waard mei syn misse ynterpretaasje, ferliet Grouard de ûnderhannelings. Neffens Grouard sels wie hy ek oanwêzich doe't Mâl Hynder op 5 septimber fan dat jier yn Fort Robinson ferriedlik fermoarde waard.
Nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch waard Grouard as tolk tawiisd oan it Pine Ridge-agintskip. Dêr wied er noch doe't yn 1890 de saneamde Geastedûnsoarloch útbriek. Op 29 desimber fan dat jier wied er oanwêzich by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't Amerikaanske troepen ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachten. Neitiid loek Grouard him út it leger werom en waard er U.S. marshal yn Fort McKinney, by Buffalo, yn Wyoming, dêr't er yn 1892 behelle rekke yn 'e Prêrje-oarloch fan Johnson County. Tsjin 1893 wied er ferneamd wurden, en lies syn heit, Benjamin Franklin Grouard, in krante-artikel oer syn soan, mei wa't er sûnt 1855 gjin kontakt mear hân hie. Dêrop reizge de âldman nei Sheridan (Wyoming) ta, dêr't de beide Grouards weriene waarden nei in skieding fan krapoan fjirtich jier. Frank Grouard stoar yn 1905 yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoury, yn 'e âlderdom fan 54 jier.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.