Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Francijntje de Boer (Harns, 18 oktober 1784 - It Hearrenfean, 7 maart 1852) wie in tsjinstfaam en dichteresse.
Francijntje de Boer | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Francijntje Martens de Boer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 oktober 1784 | |
berteplak | Harns | |
stoarn | 7 maart 1852 | |
stjerplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Tusken 1815 en 1825 publisearre se fjouwer dichtbondels, dêrfan trije foar de jongerein. Har taal wurdt karakterisearre troch ienfâld. Har gedichten draaie om húslikens, deugdsumens en suvere godstsjinstsin.
Francijntje wie dochter fan Marten de Boer, muzykmaster en skriuwer oan "'s lands werf". Se wie it twadde bern út in húshâlding fan 13. Yn 1800 ferliet se it âlderlik hûs. Under it skriuwen fan in soad gedichten (wêrûnder ferskate gelegenheidsgedichten) ûntwikkele se har as dichter. Nei it ferstjerren fan har mem yn 1807 naam Francijntje har plak yn de húshâlding yn. Har heit ferstoar yn 1810 en de húshâlding waard ûntbûn.
Francijntje krige yn 1810 in betrekking by de hear Tynhout, siktaris fan Baarderadiel, en folge dy syn húshâlding doe't er yn 1814 Snits as wenplak krige. De omgong mei minsken mei kennis en smaak droech by oan de ûntwikkeling fan har talinten. Al yn 1815 joech se har earste dichtbondel út (by A. Loosjes Pzn. te Haarlim). Twa jier letter folge "Gedichtjes voor kinderen", dat fiif printingen meimakke en ek yn it Frânsk oersetten waard troch Antoine Joseph Théodore Auguste Clavereau.
Francijntje de Boer hie kunde oan Fenna Mastenbroek, Petronella Moens en Anna Barbara van Meerten-Schilperoort.
Yn 1828 waard se húshâldster by de hear Tuymelaar op It Hearrenfean, dy't widner wurden wie. De Hearrenfeanster tiid waard har glorieuze tiid. Ferskate dichtbondels ferskynden fan har hân. Se waard te hôf brocht op it âlde algemiene begraafplak op It Hearrenfean. Har grêf waard dekt troch in lyts moarmeren stientsje wêrop, alhiel yn oerienstimming mei har ienfâld en beskiedenheid allinnich har namme stie: Francijntje de Boer.
D.M. van der Woude wijde yn 1941 yn it Doopsgesind Wykblêd (7 en 17 septimber) twa artikels oan har gedichten. Sjoch ek syn artikel yn de Friese Koerier fan 24 desimber 1963. Yn 1973, by it romjen fan it begraafplak, krige it moarmeren stientsje in plak yn it Museum Willem van Haren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.